Weppers tiisdei 7-9

Weppers moandei 6-9
5 september 2010
Weppers woansdei 8-9
8 september 2010

SDS League

De formulieren foar de SDS League binne klear. Sy sjogge der iets oars út dan dat jim fan ús wend binne. Graach gau ynfulle, want wy wolle kommend wykein al los. Wy wurkje mei de seleksjes dy fermeld stean op www.competitiemanager.nl. Sommige nije oankeapen fan klups binne dêrop noch net ferwurke. Wolle jim dizze spilers dochs hawwe(b.f. Aissati by Vitesse) dan skriuwe jim se der mar by. Wy kinne allinnich gjin garansje jaan dat sy by www.competitiemanager.nl ek punten krije.
Dus net te lang stinne en gau dy SDS League útprinte en ynfulle of ynfulle en maile nei info@vv-sds.nl. Jim kinne hjir it formulier fine en der hjir alles oer lêze.
Graach ynleverje foar sneon 19.00.

SDS 1 wint
SDS 1 hat justerjûn mei 5-0 wûn fan de Wâlde 1. Yn dizze lêste bekerwedstryd skoarden Feite, Jort (2), Erik en Jacob Klaas.

SDS 3 ûnderút
SDS 3 gie juster by NOK “out” ûnderút mei 4-1. Yn de earste helte stie SDS efkes te pitten en stie it samar 2-0. SDS hie kânsen op de 2-1, mar dan sjoch je krekt dat de 3-0 falt. Syb makke ferfolgens 3-1, mar NOK kaam net yn de problemen en makke der “gewoan” 4-1 fan.

SDS 5 giet sneon………

Wij soene der in kwisfraach fan meitsje kinne, mar de kâns is grut dat jim it antwurd allegear goed ha. It seizoen is noch mar krekt dwaande en dêr kinne de spilers fan SDS 5 fuort al wer in frije sneon bijboeke. De wedstryd tsjin Oeverzwaluwen 4 giet sneon net troch. 

15.00 oere
De affysjes foar sneon binne klear. En dêr sjogge wij stean dat SDS 1 om 15.00 oere begjint. Broekster Boys komt op besite. SDS 1 sil kommend seizoen yn prinsipe alle thúswedstriden om 15.00 fuotbalje y.f.m. de drokte op de fjilden.

Sealfuotbaljen
Moarntejûn giet it sealfuotbalseizoen ek wer los. SDS 2 spilet om 20.30 tsjin Haskerland 5 en SDS 1 om 21.30 tsjin Futsal Bûtenpost.

CVVO E8 – SDS E5 4-3
Sneon hat E5 harren earste wedstriid balle yn Lemmer. It wie spitich dat Joris, Joshua en Johannes fuort al net mei koene, mar gelokkich ha we beste fersterking fan Sytse en Steven ùt E3 krigen, bedankt hjir foar! E5 is in hiel ny gearstald team mei wat ” belearde “spilers, in tal nye spilers en nye lieders ( Jacob en Martin) ,dus wie it al efkes ôfsjen foar elts. Mar dêr wie neat fan te merken,want  it wie samar 0-3 mei moaie doelpunten fan Rutger (1) en Steven (2)! Dochs wisten de Lemsters troch de steviche verdiediging fan Tsjalling, Jeljer en keeper Rimmer te kommen sadat we mei 1-3 de rêst yn gongen. Toen ha de mannen fan CVVO miskyn wat mear limonade hân as ùs,want se wiene de 2e helte nochal wat sterker,wertroch de stand samar gelyk wie! Jammer genoch foar ùs mocht de tsjin party op it lêtst noch in penalty meitsje om in “hands”bal,no ja,oars hie 1 fan ùs mannen in bloednoas hân! Mar ûndanks dàt, ha Jelle, Merijn, Rimmer, Rutger, Jeljer, Tsjalling, Steven en Sytse in geweldiche wedstriid spyle, super!
Elisabeth Breeuwsma

Wêrom?

Sneon waard dizze foto makke fan Jacob Plantinga. Tidens de twadde helte fan SDS 5. Jacob hie gjin strafskop mist (dat wie Harm Auke), hij hie ek net hiel min fuotballe, syn soan skoarde dizze middei, syn dochter skoarde trije kear en dochs is der net hielendal op it skik sa te sjen. Werom?

Huh?
It is fansels alderaardichst dat Newcastle United wer yn de Premier League sit. It is mei nammen hartstikke moai foar al dy fanatyke supporters fan Newcastle. Sommige mochten om ús allinnich harren sjurt wol oanhâlde……….
Fat Newcastle United fan
In foarkont oan de foarkant?

Harsens derby(285)
Steven Gerrard fan Liverpool is net altiten like populêr by de jongste supporters fan de tsjinstanner: