Weppers woansdei 8-3-2017

Weppers tiisdei 7-3
7 maart 2017
Weppers tongersdei 9-3
9 maart 2017

SDS 2 hat oefene

De oefenwedstriid SDS 2 – Easterlittens is justerjûn einige yn in 2-2. Feite de Haan en Pieter Kamstra makken foar SDS 2 de goals. By Easterlittens 2 stie in ‘âlde’ bekende op de goal. Egbert Bootsma hat jierren by SDS 1 yn it earste keept en is no noch altiten aktyf.

SDS-klean te keap!

Sneon kin der fan 10.00 – 11.00 oere wer SDS-klean kocht wurde yn de kantine by Douwe-Dirk!
DSC_0200

Ut de beker

WPB1, de tsjinstanner fan SDS 1 kommende sneon, is út de beker. Justerjûn ferlern mei 2-0 fan 1ste klasser Olde Veste

Wedstriden sneon

Kommende sneon binne der wer 10 thúswedstriden en 11 útwedstriden. Jim kinne se hjir besjen

Ut de âlde doaze


De F-pupillen waarden kampioen yn 1991. Wa’t se allegear kin, mei it sizze.

Harsens derby (1845)

Mats Hummels kin better mei in bal as mei kofje rinne…………