Weppers tiisdei 7-3

Weppers moandei 6-3-2017
6 maart 2017
Weppers woansdei 8-3-2017
8 maart 2017

SDS 2 oefent jûn tsjin Oosterlittens 2

SDS 2 is kommende sneon alwer frij en is dan ek bliid dat sy jûn om 20.15 oere thús oefenje kinne tsjin vv Oosterlittens 2. Sy dogge dat mei de folgende seleksje:
Marten, Bote, Jurjen, Feite, Jesse, Martijn, Ralph, Gerrit, Ewout, Pieter K, Arjen, Tjeerd, Stefan, Allert en Pieter de Vries.
Sy wurde om 19.30 oere yn de boks ferwachte. De kantine is net iepen.
Enne Jehannes Bruinsma sil fluitsje.

SDS 1 traind wat earder

Y.f.m. de oefenwedstryd fan SDS 2 traint SDS 1 al om 19.00 oere.

‘Hoefolle tosti’s is in oerke op keunstgers?’

Yn de Trouw stie in alderaardichste kollum oer keunstgers. It is wier de muoite wurdich om it efkes te lêzen. Jim kinne it hjir fine.

Sytse Haima sneon yn de kantine

Sneon nei de wedstryd fan SDS 1 tsjin Waterpoort Boys 1 is der musyk yn de kantine fan Sytse Haima. Fansels kinne jim Sytse allegear fan de Suskes en yn it ferline fan Pigmeat. In feessie wurdt it dus sawiesa.

Woansdeitejûn gjin sealfuotbaljûn

De sealfuotballers fan SDS moasten moarntejûn nei Workum, mar dizze wedstryd is útsteld. Nije wike woansdei moatte sy om 20.00 oere thús tsjin sc Bolsward 4.

Harsens derby (1844)

Mocht Lourens van der Pol sneon skore tsjin Waterpoort Boys dan fiert hy heechstwierskynlik sa syn goal mei Pieter Sytsma……….