Weppers tongersdei 9-3

Weppers woansdei 8-3-2017
8 maart 2017
SDS-League: Wykpriis falt yn Beringe!
9 maart 2017

Kantine iepen

Fannejûn is de kantine fansels ek wer iepen en it beloofd in alderaardichste jûn te wurden. Auke-Jetze Kroondijk hat namelijk bartsjinst en op it grutte skerm kinne wy noch moai efkes it lêste stik fan FC Kopenhagen – Ajax sjen en dêrnei alle neibeskôgingen. En fansels noch efkes neiprate oer Barcelona – PSG fan juster! Oant jûn!

Bruorrederby

Earder dit seizoen hienen wy al dat de bruorren Bauke en Jelte-Pieter Dijkstra tsjinelkoar fuotbalje moasten by SDS 1 – Heerenveense Boys 1. Kommende sneon stean de bruorren Marco en Stefan Rijpkema tsjinoer elkoar yn de wedstryd SDS 1 – Waterpoort Boys 1. Marco stiet ,mei in ferline by WPB, efteryn by SDS en syn broer Stefan stiet op de goal by WPB. Út by WPB hie Marco de kans om mei de holle tsjin syn broer te skoren, mar gie de bal oer. Soe it him sneon wol slagje?

Lokwinske!

De keeper fan SDS 2, Marten Faber, is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske! Dat der noch mar in hiel soad ‘nullen’ by komme meie!
Foto fan Marten Faber

Lokwinske (2)

Dé woskfrou fan SDS, frou Kooistra en har ‘mantsje fan alles’ Sytze Kooistra binne hjoed mar leafst 55 jier troud. Fan herte lokwinske!

Foto fan Gida Heerma-Kooistra

SDS-League

De nijste stân fan de SDS-League leit jûn yn de kantine en stiet rûn in oer as 20.32 hjir op de webside!
Soe FC De Rick fan de Kaktus noch boppe-oan stean?

Harsens derby (1846)

Út ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat SDS 1 jûn op de ôftraap trainen giet……..