Weppers woansdei 7-4

Peasketiisdeiweppers
6 april 2010
SDS League: Easpanne pakt wykpriis!
7 april 2010

SDS 1 moat tefreden wêze mei punt
Dat soe de kop wêze kinne fan in stikje oer dizze wedstriid. In minne wedstriid, wêrbij beide ploegen wol  woene, it Be Quick  Dokkum allegear iets better ôfgie mar wêr’t Jelmer Posthumus nei it skoft de 1-1 oantekene.

Foto Henk Bootsma

SDS 2 wer út ûnderút
SDS 2 is dit seizoen net al te lokkich yn útwedstriden. 7 kear waard der oan ’t juster op frjemde buoium fuotballe en der waard mar ien kear wûn(by Bûtenpost). Juster waard der seker op in frjemde buoium fuotballe, want der stie net folle gêrs op it fjild fan BCV. SDS like better, mar dit rissulteare net yn in goal. Hendrik skeat op de peal en Sytze knalde mei in prachtige omhaal op de latte. In útfal fan BCV 2 levere al in goal op en úteinlik bleaun it 1-0. Nêst de 3 punten ferlear SDS 2 ek noch Sytze (lêst fan de knibbel) en Willem (boppebilspier yn twaën).
Sneon sil SDS 2 op besite by Hardegarijp 2. 

Oeverzwaluwen B1 – SDS B1
Gisteravond reisde SDS B1 af naar Koudum, zonder Marcus en Remon, voor een doordeweekse uitwedstrijd tegen Oeverzwaluwen B1. Omstreeks 19.30 was de aftrap, na goed 5 minuten scoorden de Koudumers hun eerste doelpunt: een pass over onze verdediging, deze kon niet koppend worden afgeslagen, zorgde ervoor dat hun rechterspits vrij voor de SDS keeper kwam, 1-0.
Hierna kon SDS voetballend goed meekomen, en had meer balbezit, veldoverwicht en veel druk naar voren. Echte kansen leverde dit nog niet op, maar toch….. Helaas leidde een aanval van Oeverzwaluwen tot een voorzet die niet goed door de SDS – verdediging werd verwerkt tot de 2-0 in de 30e minuut. Dit zou ook de ruststand worden, er was nog niets verloren.
Over de tweede helft kunnen we kort zijn: op de een of andere manier werd SDS steeds weggespeeld door de snelle voorhoede van de Koudumers. Oeverzwaluwen had meer snelheid, fysiek en de betere passes. Dit zou uiteindelijk tot (nog) zes doelpunten leiden, eindstand 8-0. De keepers, Gerrit viel in de tweede helft uit en werd vervangen door Rick, zorgden ervoor dat er geen dubbele cijfers op het scorebord kwamen. In de laatste 10 minuten kon SDS er af en toe uitkomen, de redddende treffer bleef helaas uit. Dit is geweest, a.s. donderdag om 18.30 uur met frisse moed RES thuis ontvangen…….

Lieders SDS 5
Tidens de gearkomst sneon fan SDS 5 binne de twa nije lieders foar takem jier oanwezen/hawwe harren oanmeld. It PSV duo Harm Auke en Jappie sille it lampke oernimme op betingst dat net ien stoppet. Dit beslút waard befestige mei in drankje. Ek in drankje waar der dronken omdat it rotwaar wie, se moai fuort wiene, de bus op tiid wie, der genôch strippenkaarten wiene, Jacob Plu in plu mei hie, Auke syn ring wer fûn waard, omdat se sin oan in drankje hiene en ta beslút ien foar it ôfwennen.

Dropkes foar SDS
De jeugd fan SDS giet dizze dagen by de doaren lâns om dropkes te ferkeapjen. De pûdsjes koste €2,50 wêrfan €1,- ten goede komt oan SDS.


SDS’ers yn bands

Ronny en Jeroen Wagenaar hienen graach meidwaan wold oan Idols. Mar ûndanks harren fertrouen yn eigen muzikale kwaliteiten, hiene se gjin sin om sich ôfbaarne te litten troch Jerney Kaagman. Dus setten se de twilling broers Gerard en Chris Koerts út Earth en Fire en namen sij it plak yn. Mei Jerney Kaagman as sjongeres.

Foeilelijke sjurts (19)
Hjoed ít útsjurt fan Celtic út it seizoen ’91-’92. Net te leauwen…….

Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (185)
Op in jûn yn de Jimbar betochten Bram van Beem en Jeroen Wagenaar dat sy wolris nei in wedstryd fan Barcelona koenen. Sy regelden lyk 2 kaartsjes foar Barcelona – Athletic de Bilbao op snein 4 april. Dêrnêst ek mar lyk de fleantickets besteld foar sneon 3 april. It ôfrûne wykein wie it dus safier. Sneon yn it fleantúch nei Barcelona. Yn Barcelona stapten sy yn in taksi dy ’t harren nei in hotel bringe soe. Mar wat heare sy dêr op de radio? De lêste minuten fan Barcelona – Athletico Bilbao………. De wedstryd wie fersetten nei sneon……

Harsens derby (186)
Siet de bal no wol of net? Siet der dan dochs in gat yn it net? Lústerje earst mar ris nei it ferhaal fan de skiedsrjochter: