SDS League: Easpanne pakt wykpriis!

Weppers woansdei 7-4
6 april 2010
Weppers tongersdei 8-4
7 april 2010

It is dizze wike Minne Bonnema dy ’t mei “Easpanne” de wykpriis pakt. Dit mei tige ferrassend hjitte om ’t Minne 81e stie. No fleant hy omheech nei it 65e plak.

Paulo Henrique is bliid wer yn Brazilië te wêzen en “Alles op Paulo Henrique” fan Paul Reitsma is bliid wer boppe oan te stean. Hy giet “Bakkerskonken” fan Skelte Anema foarby.

Dirk de Jong is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske! Dit levert him gjin ekstra punten op yn de League. Hy sakket dan ek “gewoan” fan 69 nei 70 mei syn “Dike -Side”.

It wurdt hieltiten ientoaniger: “FC Supermario” fan Doede Rients Okkema stiet noch altiten stiif lêst.


Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 9.

Letter hjoed weppers!