Weppers woansdei 7-11

Weppers tiisdei 6-11
5 november 2012
SDS League: De Blaauw pakt wykpriis!
8 november 2012

SDS-ledengearkomst
Jûn is om 20.00 de ledengearkomst fan SDS. De wurklist fan dit barren stiet yn de Treffer.
Foar de rest kinne wy wol fêst ferklappe dat der foar eltsenien in fulde koek klear stiet en dat de bedoeling is dat nei de gearkomst noch efkes genoten wurde kin fan Celtic – Barcelona op it grutte skerm.

Programma
Sjoch hjir foar it programma fan de kommende 2 wiken.

Dooitze nee….Ant ja
Kommende tongersdei is Dooitze Nauta der net, mar Ant Folkerts wol.

SDS bloed
Sneon stiet YVC F3 – SDS F3 op it programma. Ien fan de spilers fan YVC is “om te keapjen” fia syn heit hawwe wij begrepen. Heit Jan hat SDS bloed en hij hat miskien wol leaver dat………
SDS F3 kin sich al fêst mar ynstelle op de tsjinstanner want
dit binne se. De soan fan Jan sit hielendal rjochts.

Noch net sa’n âld doaske
Tarina Veenje socht thús ek yn in âlde doaze en kaam dizze foto tsjin. Noch net hiel âld (2004) mar wol aardich om te sjen:
D2 yn 2004

SC Heerenveen – Feyenoord
In soad SDS’ers kinne mar fêst yn de aginda sette dat de bekerwedstryd tusken SC Heerenveen en Feyenoord spile wurdt op woansdeitejûn 19 desimber om 20.45.

Harsens derby(883)
De keeper sit derneist, mar de ballenjongens hienen dit skot seker keard: