SDS League: De Blaauw pakt wykpriis!

Weppers woansdei 7-11
6 november 2012
Weppers tongersdei 8-11
8 november 2012

De haadtrainer fan SDS 1, Jaap de Blaauw, hie it ôfrûne wykein mar goed op streek. Nei mei SDS 1 in punt pakt te hawwen tsjin koprinner Heerenveense Boys 1, pakt hy ek noch efkes de wykpriis yn de SDS League mei “Friesland United”.

De spilers krûpe foar de Blaauw……..

“JorImke”(Jorine & Imke) stiet noch altiten boppe-oan yn de SDS League. Sy hienen dan ek mar ien puntsje minder as De Blaauw en rinne dêrtroch ek noch út op nûmer 2, “Balletje, Balletje” fan Grietzen Broersma.

Gerrit Flisijn stiet 24e en pakte dizze wike 35 punten mei de “Footfighters”. Hy hie der wat mear fan ferwachte no ’t syn joker Burnet fan FC Groningen eindelijk wer meidocht. It wykein smite dit mar leafst 1(!) ekstra puntsje op.
Dochs is Gerrit tige kontent, want hy stiet noch altiten fier boppe buorman en joker Jan Stenekes, dy ’t 41e stiet mei “Veni, Vidi, Vici”.

Wie “FC Grasmat”(Erwin de Boer) der net west, dan hie “Hatsikidee” fan Johan Delfsma ûnderoan stien.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 7.