Weppers woansdei 6-7

Weppers tiisdei 5-7
4 juli 2011
Weppers tongersdei 7-7
7 juli 2011

South-Park SDS’ers(3)
Kinne jim ek noch wat South-Park SDS-popkes foar ús meitsje? Hjir kinne jim der alles oer lêze.
Igor Kalinowski tovere foar ús de échte Jan Mulder fan Waaksens út de grutte hoed:


Kompetysje-yndieling SDS DA1 en DA2
Nei de kompetysje-yndielingen fan de standaardteams by de mannen is it no de beurt oan de froulju. It earste wat opfalt is dat SDS DA1 en DA2 net byinoar yn de kompetysje sitte. De yndieling foar DA1 sjocht der sa út:

Oudehaske DA1
Oosterlittens DA1
SC Joure DA1
VVI DA1
Lemmer DA1
CVVO DA1
Sleat DA1
Oudega DA1
Heeg/IJVC DA1
Hielpen DA1
SDS DA1
Mulier DA1

Foar DA2 sjocht de yndieling der sa út:
SDS DA2
Mulier DA2
Makkum DA1
SC Franeker DA2
Tzum DA1
Arum DA1
SC Berlikum DA1
Minnertsga DA1
Dronryp DA1
Foarút DA1
St. Annaparochie DA2
Zeerobben DA1

Nije reglementen
Fansels jilde der by de KNVB yn it seizoen 2011-2012 ek wer nije reglementen. Jim kinne se hjir trochlêze. Mocht der wat feroare wêze dan melde jim it mar efkes.

Transfernijs(11)
Der sille noch wol hiel wat “tranfer”berjochten ferskine de kommende wiken. Meastal is mear as de helt net wier. Hjoed kinne wij melde dat
-Cruijff it wol wer besjoen hat by Ajax
-Vennegoor meitraint by FC Twente
-Immers syn earrebarre útfleane litte wol…..
-FC Twente Fer wol hawwe wol, mar dan moat Feyenoord al sakje yn de priis
-AZ en FC Utrecht efter Amoah oan sitte
-Inter de opfolger fan Sneijder hast binnen hat
-Stekelenburg miskien wol nei Real Madrid giet

Op reis
Silvia Hania is sûnt dit wykein op reis nei Ethiopie. Sij lit de wrâld fia Twitter witte wat se erfaart. Tige nijsgjirrich.

De famylje Hania/Blanksma hawwe der noaskes foar om op it goeie momint mei in bekend immen op de foto te gean. Sa hawwe wij al ris foto’s hân fan Jan Rinse mei Boogerd, mei Been, mei Frank de Boer.


En no lit Silvia har ynformeare oer in goed draafskema foar de Slachte fan 2012.

2e priis
Eins telt it fansels net in 2e priis, mar wy wolle dochs noch efkes fermelde dat de SDS’ers Sipke Hiemstra, Douwe-Dirk Reitsma en SDS-sponser Anne Bakker ôfrûne wykein de 2e priis helle hawwe op it NK keatsen foar 50+’ers.

Wat is dy koach noch mar in broekje…………

Swimme
Foar wa ’t syn kondysje wat op peil hâlde wol dizze simmer sûnder it fuotbaljen is it miskien in idee om ris te swimmen. As je hjir oan meidogge binne je lyk foar in skoftke klear en it is ek noch foar in goed doel.

Harsens derby (511)
Lykas foar de keeper is it efkes sykjen om de bal: