Weppers tongersdei 7-7

Weppers woansdei 6-7
5 juli 2011
Weppers freed 8-7
7 juli 2011

South-Park SDS’ers(4)
Wy hawwe juster alwer 5 nije South-Park SDS-popkes binnenkrigen, dus dat giet sa moai as wat. Wolle jim ek ien meitsje dan kinne jim der 
hjir alles oer lêze.
Hans van der Schaar hat fannewike de hiele dei foar de spegel stien en efter de kompjoeter sitten(?)om himsels te meitsjen. Wy moatte sizze dat it rissultaat der wêze mei:


Kompetysje-yndielingen-senioaren
Juster wie dêr samar de kompetysje-yndielingen foar de froulju foar kommend seizoen en wy hawwe it gefoel dat hjoed of moarn wolris de kompetysje-yndielingen fan de heren-senioaren komme kinne. It sil ús benije.

Fan herte lokwinske!
Hjoed wurdt Frank Bervoets 13 jier. Fan herte lokwinske!


VI-kwis
Hy is ús dit kear dreech genôch, mar miskien witte jim mear as ús. Sjoch
hjir foar de nijste VI-kwis.

WK
Jûn is der wer it Wommelser Kampioenskip.
It begjint om 20.00 op it skopfjild fan Wommels.

Harsens derby (512)
Earst skore en dêrnei lyk ôfkuolje yn it swimbad. Hearlik!