Weppers tiisdei 5-7

South-Park SDS’ers
4 juli 2011
Weppers woansdei 6-7
5 juli 2011

South-Park SDS’ers(2)
Der is massaal reageard op ús oprop om South-Park SDS-popkes te meitsjen. Wy krigen al in stik of 8 binnen. Dochs wolle wy graach noch folle mear hawwe. Jim kinne der hjir alles oer lêze.
Hjir alfêst in prachtich foarbyld fan hoe ’t wy it graach sjogge. Jildou Jorritsma makke dizze Tryntsje Bouma:

Dit popke liket net op Tryntsje. Dit ís Tryntsje!

Begjin kompetysje
Hjir noch efkes foar de dúdlikheid. De earste kompetysjewedstryden fan it nije seizoen foar de senioaren binne op sneon 3 septimber. Foar de jeugd begjint de kompetysje in wike letter op sneon 10 septimber. Sjoch hjir foar de hiele spyldagenkalinder foar it nije seizoen.


WK


De technyske en taktyske seleksjekommisje fan it WK hat justerjûn foar it earst foltallich oanwêzich west bij it WK.
Se wiene allegear sa no en dan al ris op it skopfjild yn Wommels west om de meneuvels wat te besjen, mar no mei sa’n 4 wiken foar de finale fan it WK, joegen se harren noflik del op it pakkiedrager fan de fyts efter it doel. En sij beoardielden, oerleinen, diskusearden, stimden yn, skrasten en makken in groslist.
De deskundige eagen hiene it allegear nei 7 minuten al sjoen en doe koene se herinneringen ophelje út de goeie âlde tiid fan Tsjerkje en Fonger fan de Kliuw,  Haantje fan Rien, Erik fan Lollum en de 5 Sneetsjes yn Koudum.

Wommelser Kampioenskip 4 juli 2011

Wat in skitterjend waar..Wat in opkomst..Wat in prachtich fjild..Wat in enthousiast publyk..op sommige mominten ferjitte je alles efkes om je hinne. It wurk, de oandielen crash fan TomTom, de Tour de France, the global warming en it EHEC firus falt dan efkes yn it neat ast 15 enthousiaste jonges fan boppe de 20 sjochst die op frijwillige basis in protte wille hawwe mei in bal. Wat foel der dizze edysje op?;

– Eeltsje Sikke makket him op foar de folgende Fetmjitting

– Jacob Kah werom fan fuort west..de skynskonkers meie wer oan

– Jildert H. skorst foar it WK op 15 septimber 2011 fanwege it negearen fan artikel 4 lid a sub 3 “Korners bij de Winnende Goal” fan it WK reglemint.

– Bram v. B. syn nije kat “Rikkert” oefent dúdlike ynfloed op him út…Bram  jout no ek kopkes yn’t fjild.

– Ate F. de B. geniaal op syn eigen manier

– Arjan L. total los.

– Bote S. hat hielendal net sa gek fuotballe neffens de froulju fan Nij Stapert

– Johan P. hie in swart shirt oan fan Bayern Muchen

– Marije hie dertsjin in Ajax shirt oan dynt

– Jelmer P. irriteert him oan de “skoppers” op it WK

– Debuterende Freek T. sil folgende kear útlis jaan wat no presiis san “typisch kut Wommelser” ynhâld.

– Elger G. is san typische kut Wommelser.

– Geruchten gean dat The Black Pearl wer op de see is foar in nij aventoer.

– Hendrik E. sil de damskyfkes ôfstofje.

– Rudy von Persie trapet sels nei mij de bûtenkant

– Tsjipke O. fiert syn WK team better oan as it flaggeskip fan SDS

 Team Donker

Hendrik E., Jacob K., Bote S., Elger G., Arjen L., Ate F. de B. en Johan P.

Team Empatec

Jelmer P., Eeltsje P.,Rudy v. P.,Tsjipke O., Bram v. B., Marije, Jildert H., Freek T.

Team donker begon sterk oan it spul en it like ek blitzkrieg te wurden. Troch de man minder situaasje en de slechte kondysje(hint foar de trainers fan SDS) waar de foarsprong fan 4-0 al snel werom brocht nei 4-4. Dizze stân bleaun tige lang op de buorden stean mar troch in snel nommen dubieuze frije traap fan team gekleurd kaam de 5-4 op it burd. Tiid foar de winnende goal wer Team Empatec dúdlik socht om revanche. De sfear waar wat grimmig en der waar hjir en der in tik útdielt. Bij in korner situaasje foar team Empatec naam Jildert H. de corner fan 2 meter ôfstân fan it goal wêrtroch it dreamende team Donker de deksel op de noas kriig. Jelmer P. stie te plak en makke him kreas ôf. It WK bestjoer hat troch de omstannichheden wêryn dizze winnende goal makke is in neadfergadering belein en besletten om it WK fan 4 july 2011 yn in lykspul te eindigjen. Kommende tongersdei is der wer in WK. We hope dan minimaal op deselde dielname!

Nimmens it WK Bestjoer,

Alg. Stat. Dir.NOS.SBS.RTL. H.K. Engbrenghof

Transfernijs(10)
Der sille noch wol hiel wat “tranfer”berjochten ferskine de kommende wiken. Meastal is mear as de helt net wier. Hjoed kinne wij melde dat
-PSV El Hamdaoui miskien dochs wol hawwe wol
-Ajax Babos sjocht as nije twadde keeper
-FC Utrecht Verhoek en Toornstra ophelje wol by ADO
-Manchester United Schweinsteiger en Huntelaar hawwe wol
-AC Milan Eriksen wol keapje wol
-Net ien Engelaar hawwe wol


Harsens derby (510)
Sy hie better op kuorkebaljen kinnen………….