Weppers woansdei 5-9

Weppers tiisdei 4-9
3 september 2012
Allegear op de foto
5 september 2012

SDS League
As it goed giet dan kinne jim jim ein dizze wike ek wer ynskriuwe foar de SDS League. Hâld de webside yn de gaten.
Hjir kinne jim alfêst jim team gearstalle.

SDS B1 – Oosterlittens B1
In dramatysk earste heal oere fan SDS B1. In fuotsje hjir tekoart in fuotsje dêr te koart. De jonges fan Littens krigen foar safolle romte dat se der betiden fan skrokken. Fjouwer makken se hiel simpel binnen 23 minuten. It waard sels  noch 0-5 foar it skoft.
De thee fan SDS, dêr hat wat ynsitten. Want it fuotbal wie noch net geweldich mar de striid wie der om de nederlaach net grutter te meitsjen. Ynfal doelman Pieter Sytsma hold syn doel sels skjin. SDS krige in oantal kânsen en makke in doelpunt út in strafskop (Wiebe Heeres) en troch in foar ús noch ûnbekende doelpuntenmakker omdat it net te sjen wie wa’t de bal no krekt oer de line skopt hie. Mei 2-5 in draaglike einstân.

SDS 1 seal is ek al los
Gisteravond is SDS-1 zaal ook weer gestart met de competitie. In Bolsward werd met goed voetbal RES-5 , waar onze vriend en SDS FAN ANDRE BONS op de goal staat , van de mat gespeeld met 10-1. Een ongekende weelde voor ons want vorig jaar kregen we nogal wat doelpunten tegen en bleek scoren een probleem. De score had nog gunstiger kunnen uitvallen want wanneer Johan Heerma zijn wekelijkse blunder had thuis gelaten dan hadden we zelfs de nul gehouden.
Maar ja, niet alles kan perfect zijn.
Volgende week spelen we thuis om half negen tegen Jirnsum.
Groet,
Wicky

A1 yn Hallum


A1 moast justerjûn fuotbalje yn Hallum. Sij makken der sa te sjen in moaie jûn fan.
Helaas hawwe se mei 2-1 ferlern. In soad kânsen yn de twadde helte mar helaas mar ien treffer.

Workum C1 – SDS C1     2-2
Neffens in twitterberjocht hat SDS C1 justerjûn yn Warkum gelykspile.

Trainingen SDS 4 en 5
De trainingstijd van het 4e en 5e is met ingang van donderdag (6 september) gewijzigd van 19.00 (zeven uur) naar 20.15 (kwart over acht)!
Ids.

Tweets
Der binne noch altiten minsken dy’t net twitterje en dat hindert neat. Want at je sels net twitterje en je wolle dochs witte wat der oer SDS skrean op op twitter dan kinne je gewoan op it twitterlogo op de foarside klikke. Lykas justerjûn waarden wij fia de twitterberjochten op de hichte holden fan A1, B1 en C1 troch tweets út Hallum, Easterein en Warkum.

SDS C2- SDS D2 (oefenwedstriid)
At der in soad doelpunten falle dan wol it noch wolris sa wêze dat bij it einsinjaal it resultaat fan tellen net altyd bij elkenien it selde is.  Wij hawwe iets heard fan 8-3 mar it kin wêze dat wij der in doelpuntsje neist sitte, of degene dy’t it tsjin ús sei.

Programma hjoed

5-9-2012 18:30 SDS D1 – ONS Sneek D2
5-9-2012 18:30 SDS E1 – Zeerobben E1
5-9-2012 18:45 Friesland VR1 – SDS VR1

Opblaaspop?
No freegje wy ús eins ôf hoe ’t it mei dy opblaaspop is(klik hjir).

Harsens derby(829)
As de keeper read krijt dan moat der in spiler op goal. En dêr wurdt it somtiden hielendal net minder fan.