Weppers woansdei 4-12-2019

Weppers moandei 2-12-2019
2 december 2019
SDS-League: ‘Adem in, Adem zuid’ pakt alwer in wykpriis!
4 december 2019

SDS 4 mei roubannen om tsjin HJSC

Op ‘e Hommerts spilet SDS 4 jûn om 19.45 oere tsjin HJSC 2. Dit is in ynhelwedstriid. SDS 4 spilet mei roubannen y.f.m. it ferstjerren fan in mem fan ien fan de spilers fan SDS 4.
Dizze seleksje fertrekt om 18.45 oere út Easterein:
[01-12 11:38] Jelmer Brouwer: Aan
[01-12 12:06] Doede S: Aanwezig
[01-12 12:33] Klaas Bouke Faber: Aan
[01-12 13:27] Peter Stuiver: Aanwezig
[01-12 13:29] Doede Rients Okkema: Aanwezig!
[01-12 13:30] Remon Bouma: Aanw.
[02-12 10:58] Wietse Vink: Aanw riid yn ien kear fanut t wurk der hinne
[02-12 18:55] johanpostma90: Aanwezig
[02-12 19:13] Sytse Hibma: Aanwezig
[02-12 19:37] Eeltje: Tomme toch afwezig ivm work
[02-12 20:43] Johannes Abma: Aanwezig
[02-12 20:44] Ralph Wariman: Aanwezig
[02-12 21:02] Ids De Boer: Aanwezig
[03-12 12:09] Gert Jan Hessels: Aanwezig woensdag

Standen

De standen fan alle SDS teams binne wer bijwurke en jim kinne se hjir sjen.

Topskoarderslist

170 doelpunten binne der makke troch SDS senioreteams. Dêr telle wij noch twa eigen doelpunten bij op fan tsjinstanners dy’t net oars koene en sa komme wij op 172 doelpunten totaal.  Der is in fûle striid dwaande oan de top tusken Jelmer Posthumus en Femke Terpstra. Nijsgjirrich is ek  foar wa fan de bruorren Postma it it meast doelpuntrike seizoen wurdt.
Henk (SDS 4) en Mark (SDS 3)  steane sa wat gelyk,  en wij ferwachtsje dat Johan (SDS 4) mei 2 doelpunten  fanôf no yn de spits spilet en alle strafskoppen nimt. Sjoch hjir foar de totale list.

DJ Baggel kommende sneon

Om ’t sneon sawol SDS 1, 3 en 5 harren lêste thúswedstriid fan it jier hawwe en Vr.1 al om 12.00 oere yn Aldegea fuotballet is der nei de wedstriid fan SDS 1 en 5 tiid muzyk yn de kantine. Op advys fan Harm-Auke Dijkstra komt DJ Baggel. Hy komt ek mei syn Drive-Inn op de SDS-nijjierssit op sneon 4 jannewaris, dus jim kinne no alfêst oanjaan wat foar muzyk jim leie meie. Der mei dûnse wurde!

Foarútsjen troch werom te sjen

Nije wike tiisdei fuotballet SDS 1 foar de beker tsjin Frisia 1. Dit wie ek sa yn 1984. Moarn in weromblik op dizze wedstriid.

Ferslach SDS-ledengearkomst

Woansdei 20 novimber wie de SDS-ledengearkomst. Nei it wykein sille jim in koart ferslach fan dizze jûn werom fine kinne hjir op de SDS-side.

Ut in hiele âlde doaze

Jan Hiemstra hat ek noch in moaie swart wyt foto fan SDS 1 yn 1957.

stean fan l/r
Krik de Bruin, Minne Riegstra, Marten de Boer, Thom de Bruin, Willem Agema, Pieter Andela (kaam út Itens, oarspronkelik Nijlân en hie dêr ek fuotballe)
sitten fan l/r
Hielke Vollema (de Jappie Wijnia fan dy tiid), Nico Vermeulen (wennet yn Aldehaske), ???????, Meinte Sixma, Reitze van der Valk.

SDS-League

Jûn rûn in oer as 18.53 oere hinne kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS-League wer ferwachtsje.

Harsens derby (2186)

En dan is der Eeltje!