Weppers moandei 2-12-2019

Sneon 30-11-2019
29 november 2019
Weppers woansdei 4-12-2019
4 december 2019

Kompliminten

De kompliminten wienen sneon foar sc Bolsward 3. Sy spilen in sportive wedstriid tsjin SDS 3 en lieten de boks dêrnei sûkerskjin efter troch de hiele boks kreas ôf te nimmen mei de trekker. Hjir kinnne wy noch in soad fan lere!

Lytse poppe

Skelte Anema en Wytske Vermeulen hawwe ferline wike in lytse poppe krigen; Sanne Marij. Fan herte lokwinske!

Hendrik syn nije bus

Hendrik de Jong hat in nij buske en mocht him sneon foar it earst meinimme nei in útwedstriid. De hinnereis foldie al poerbêst, mar de weromreis befoel noch folle better. Hendrik makke namelijk de winnende goal by SDS 1 en de trije punten gienen mei efteryn de bus. Wy tinke dat Hendrik dit seizoen noch wolris faker yn syn buske nei útwedstriden ride mei.
Image result for busje grappig lol

Bus nei Willemsoord

SDS spilet sneon 14 desimber de lêste wedstriid fan 2019 út tsjin Willemsoord. Neffens tradysje geane wy dêr wer yn de bus hinne. Sa ’t it no stiet fertrekt der om 12.30 oere út Easterein en rydt der 19.00 oere wer op nei hûs. Wa ’t mei wol mei it wol trochjaan oan Willem Wijnia. Floris, René, Appie en Jelle hawwe harren al opjûn.

Sinteklaas

Kommende tongersdei komt Sinteklaas wer del by SDS 1. Benijd wa ’t der mei moat nei Spanje.

SDS-League

Woansdeitejûn rûn in oer as 18.53 oere hinne kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS-League wer ferwachtsje.

Harsens derby (2185)