Weppers woansdei 30-10-2019

SDS-League: ‘EB’s 11′ pakt de wykpriis!
29 oktober 2019
Weppers tongersdei 31-10-2019
31 oktober 2019

Sjurtsje ruilje

De KNVB bestiet dit jier 130 jier en hat dêrfoar in aardige aksje betocht. Sy ruilje mei alle klups yn Nederlân fan sjurtsje. Dit binne der sa ’n 1300. Ofrûne moandei kaam Minne Modderman fan de KNVB om mei SDS in sjurtsje te ruiljen.

SDS Vr.1

Ofrûne sneon is SDS Vr.1 dan eindelijk op de foto kommen yn de nije sjurts mei harren sjurtstiper Harm Slot. Kommende sneon binne de froulju fan SDS op ‘e nij yn Easterein te bewonderjen yn dit prachtige sjurt. Sy spylje dan om 12.30 oere thús tsjin NOK Vr.1.

SDS 2

SDS 2 kaam ôfrûne sneon ek op de foto. Ek sy binne kommende sneon op ‘e nij thús te bewonderjen. Sy spylje om 12.00 oere thús tsjin Drachtster Boys 3.

Ljocht oan


Ek bij de fytsestalling fan SDS binne strjitteprintsjes ferve om elkenien op te roppen yn dizze tsjustere dagen net sûnder ljocht op de fyts te kommen en te gean. Feilichheid foar alles!

De Skoalleseize

Is it net in plaatsje?

Harsens derby (2173)

Somtiden is dy VAR miskien dochs wol handich…………….

Pendant ce temps, en Prva Liga… 🇭🇷