SDS-League: ‘EB’s 11′ pakt de wykpriis!

Weppers moandei 28-10-2019
28 oktober 2019
Weppers woansdei 30-10-2019
30 oktober 2019

It is dizze wike ‘EB’s 11′ fan Eeltsje Bootsma dy’t de wykpriis pakt! Hy bliuwt Matthijs Postma mei ‘FC Top 20’ krekt 3 puntsjes foar.

‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ fan Sjoerd van Beem docht wer goeie saken. Hy hie dizze wike mar leafst 29 punten mear as nûmer 2, ‘Brekken Boys’, fan Okke van der Kamp. Okke sakket dan ek nei it 5e plak. Arjan Hallema is no de nije nûmer 2 mei ‘FC Hallema’ en stiet 21 punten efter op Sjoerd. ‘Jonkoboys’ fan Lourens van der Pol stiet hjir wer 9 punten efter op it 3e plak.

De froulju fan ‘FC P(r)ima’ dogge ek dizze edysje wer prima mei. Pietrik & Marit Kuperus steane no al op it 6e plak.

Jelmer Posthumus hie in minne wike. Earst in penalty misse by SDS 3 en no sawol mei ‘Postmeister’ as mei ‘XXXDappere StrijdersXXX’ in minne wike. De âld-Ajacieden fan ‘XXXDAppere Strijders’ steane no sels ien nei lêst. Pieter Sijtsma is mei ‘Hakim Sijtsma’ noch altiten nûmer lêst.

Sa ’t Jelmer Posthumus mei ‘XXXDappere StrijdersXXX’ in team makke hat mei allinnich mar âld-Ajacieden binne der noch folle mear orisjinele manieren om je team gear te stallen. Sa hjir in team mei ‘lekkernijen’;

‘FC Lekkerlekkerlekker’
-Hamrol (EMM)
-Lam (PEC)
-Quasten (RKC)
-Payne (EMM)
-Kum (VVV)
-Pinas (ADO)
-Burger (FEY)
-Merkel (HER)
-Hooi (ADO)
-Druijf (AZ)
-Breij (GRO)
-Hahn(HEE) of Zoet(PSV) kinne efentueel ek op goal
Fansels falt der oer smaak net te bakkelijen….. 😉

Kinne jim ek in orisjineel team meitsje? Mail it nei info@vv-sds.nl. Meitsje je team efentueel mei help fan Gratisvoetbalmanager.nl.

 

SDS League 2019-2020 earste helte wike 6