Weppers woansdei 3-9

Weppers tiisdei 2-9
1 september 2008
Weppers tongersdei 4-9
3 september 2008

Futsal
SDS 1 futsal kin jûn net fuotballe tsjin FFS. Der binne net genôch fuotballers. Sa ’t it no stiet giet foar SDS 1 dit seizoen it ljocht op


Traine
Der is juster aardich wat wetter fallen. It trainen fan SDS 2 koe dan ek net troch gean. Folch de berjochten op de side oer de tastân fan it trainingsfjild jûn.

Toch?
Hendrik Engbrenghof hat de tas al ynpakt foar syn earste training by SDS 3 as keeper. Hy smeekt hast om te trainen:
No mut myn earste training joun wol ffkes troch gean!

Famkesfuotbal

De seleksje fan de famkes fan SDS is wat oan de krappe kant. Sy hawwe noch mar 15 spylsters. Sy soenen der dan ek graach noch wat spylsters by hawwe wolle. Wa ’t it wat liket kin op tiisdeitejûn 19.00 oere ris op in training sjen of in pear kear meidwaan om te sjen as it wat is. Wa ’t belangstelling hat kin kontakt opnimme mei Anke van Asselt(klik
hjir).

Ôflast
De froulju fan SDS soenen kommende sneon harren earste kompetysjewedstryd spylje moatte tsjin de froulju fan IJVC. Dizze wedstryd giet allinnich net troch. Der geane geruchten dat de froulju fan IJVC skorst binne om ’t sy in skiedsrjochter “klaut en knypt” hawwe. Dit wol ús hast net oan. Wa kin ús fertelle hoe ’t it echt sit? Mail it nei
info@vv-sds.nl.

It lêste berjocht
Hjoed komt Dirk Yde Sjaarda werom. Dêrmei komt in einoan de berjochten fan him. 27 kear hawwe wij in link makke nei syn webside. Syn lêste berjocht hat de titel:
it sit der op.

Feessie
Om de túskomst fan Dirk Yde te fieren kin der jûn in buorrel helle wurde yn de skuorre bij de Sjaarda’s. Om 20.00 oere kinne je dizze ras Feyenoorder begroetsje. Soe it dan krekt sa ’n feessie wurde as dat Dirk-Yde mei syn oare maten hân hat yn it HHH yn Bejing?