Weppers tongersdei 4-9

Weppers woansdei 3-9
2 september 2008
Weppers freed 5-9
4 september 2008

Mei de bus

Sneon begjint de kompetysje. SDS 1 moat dan nei Hoogeveen. De seleksje giet der mei de bus hinne. Der kinne noch in pear supporters mei ek. Foar 7 euro. Opjaan moat bij Enne Johannes . Dat kin fia de mail. De bus giet om 12.00 oere fuort. Wês der bij want fol is fol. Chris Postma en Lolke Hofstra gean yn elts gefal ek mei.

Bewarnûmer
As it goed is dan hawwe wy no alle goeie gegevens foar it bewarnûmer fan de Treffer. No noch efkes trije jûnen der mei oan ‘e gong en dan hoopje wy dat hy ein fan folgende wike by jim op ‘e matte leit.

Programma jûn
Wij sjogge foar jûn op it programma stean de wedstryd SDS 4 – Tsjumearum 2. Dat betsjut dat SDS 5 wol ris mei in lytse groep traine moat. Miskien is it allinne dêrom al leuk om just wol te kommen. Ek Stoffel is wolkom.

Tasnr. 99(1)
Beste feteranen,
Hwa hat mijn tas nr99,mei fersin fan Skylge meinommen.
A
s soe hij der nog op it bankje lizze op de haven.
groetnis de eigner

Tasnr. 99(2)
beste feteranen,
ik krij krekt it nijs dat der nei fjouwer donkere nachten yn Harns stjit bij Rederij Doeksen.
in bliide eigner

Gershom van der Sluis
 
E 4 trainde woansdeitejûn wer efkes op de strafskop. Op it grutte doel mei Niels Hazewindus op de line. Wa’t miste mocht net mear mei dwaan. Al nei 3 rondes hie Niels se allegear ôf krigen. Op Gershom van der Sluis nei. De ienige linkspoat trape ek de fjirde der yn. Klasse Gershom.

Tige slagge
Hendrik Engbrenghof hat juster genoten fan syn earste training by SDS 3:
Stiif as in doar! Mar wol tige slagge!

Nije foto

Fan Amarins de Haan krigen wy in krease foto foar op de webside. Foar wa ’t ek noch in krease foto hat fan in SDS’er foar op de webside is dit ús mailadres:
info@vv-sds.nl.

Ôflast(2)
Wy krigen fan Wiepkje de útlis oer wêrom ’t de froulju fan SDS sneon net tsjin IJVC  fuotbalje kinne(sjoch weppers juster):
No, klauwe en knipe wie seft útdrukt!
Sy hawwe foarig jier yn de wedstriid tsjin Bolswardia nei de tiid de skeids hast yn elkoar slein…
Troch de KNVB binne sy skorst en de ploech leit no ek út elkoar.
Dus derom kinne wy sneon helaes noch net starte… 
Groetnis Wiepkje

Letter mear!