Weppers woansdei 29-6

Ynformaasje MFT
28 juni 2011
Weppers tongersdei 30-6
30 juni 2011

MFT
Fan ‘e wike is der in begjin makke mei it Multi-funksjoneel terrein yn Easterein. Jim kinne der hjoed letter mear oer lêze en fan sjen.

Einstannen
Foar wa ’t it wat liket kin hjir alle einstannen sjen fan de sealkompetysjes.

Fuotbalhumor
In aardich potsje fuotbalhumor op de earste training fan Ajax. Dêr rôp in Ajax-supporter nei Theo Janssen:
‘Hé Theo, wil je een peukie? Mijn aansteker heb ik 15 mei al naar je gegooid!’

Transfernijs(8)
Der sille noch wol hiel wat “tranfer”berjochten ferskine de kommende wiken. Meastal is mear as de helt net wier. Hjoed kinne wij melde dat
-Sparta it it kommende seizoen sûnder keeper docht
-Boca Juniors Cvitanich wol hawwe wol
-Flamengo ynteresseard is yn Lodeiro
-Wijnaldum foar 5 miljoen nei PSV giet
-Juventus Honda wol wat liket
-AZ Altidore as nije spits sjocht
-Agüero oeral wol hinne kin
-De Zeeuw hast yn Moskou sit
-Rijkaard giet yn ’t sân boartsjen………….

VI-kwis
Hjir in alderaardichst kwiske. Antwurden witte wy net, mar it is alderaardichst om in skoft nei it skerm te sjen. Wy binne benijd welke SDS’ers hjir in soad doel oer hawwe.

WK
Tongersdeitejûn wer it Wommelser Kampioenskip.
It begjint om 20.00 op it skopfjild fan Wommels.

Harsens derby (505)
Jan van Halst botste yn it ferline wolris mei Co Adriaanse doe ’t Van Halst noch ûnder him fuotballe by Ajax. Hy hie dan ek net tocht dat Adriaanse by FC Twente komme soe………………… Youri Mulder ek net: