Ynformaasje MFT

Weppers tiisdei 28-6
27 juni 2011
Weppers woansdei 29-6
29 juni 2011

It giet oan
Moandei 20 juny wie der in oerlis mei gemeente Littenseradiel oangeande de oanbesteging fan it projekt Multyfunksjoneel Terrein Stittenserleane.
Tiisdei 21 juny is yn de wurkgroep fan it MFT besletten om in GEAN (Go!) te jaan foar de útfiering fan it projekt.
En der binne we as wurkgroep fansels tige wiis mei.
 
Hoe no fierder?
Moandei 27 juny hat der in earste petear west mei de oannimmer Keninklijke Sjouke Dijkstra – Infra en Milieu oer de planning.
We kinne dizze wike fuort starte mei de selswurksumheden en ek de oannimmer begjint mei har earste wurk.
It earste selswurk bestiet út it opromjen en fuort heljen fan alle strúken en beammen en dernei wurdt it terrein en de nije tagongswei nei Hoekstra útgroeven.
Der wurdt in earst in need-tagongswei (begjin fan de nije wei) lein sa’t de bewenners fan de pleats fan Hoekstra frij paad hâlde.
 
Moandeitejùn wienen de earste frijwilligers al drok dwaande en ha alle strúken en beammen al fuorthelle.
Yn de waarmte waard der knap switten troch Marco, Christian, Robert, Jehannes, Gerard, Rein, Syb, Klaas V. en Klaas P.
Fannewike sil de oare strúkeboel der út helle wurde en ien grutte populier wurdt dan del helle.
 
Oar nijs
Der folget dizze wike in twadde nijsbrief en ek sil der nijs nei de parse en fûnsen stjoerd wurde.
Moandei krige Klaas it berjocht dat syn wurkjouwer, de ING, it projekt stipet mei in bedrach fan Euro 1.000.
Klaas koe fia syn wurk it projekt yntsjinnje en by genôch stimmen fan syn kollega’s koe it projekt in bydrage krije. En dat is slagge.
Derneist ha we bydragen krige fan it Rabobank Coöperatie fonds en de P.W. Janssens’s Friesche Stichting.
 
Frijwilligers
Der moat noch folle mear barre fansels en derom sille minsken út it doarp en fan ferienings frege wurde om te helpen.