Weppers tongersdei 30-6

Weppers woansdei 29-6
29 juni 2011
Weppers freed 1-7
1 juli 2011

Gearkomst jeugdkommisje
Jûn is der in gearkomst fan de jeugdkommsije. hooplik kinne dan de lêste ploaien glêdstrutsen wurde oangeande de teamyndielingen by de jeugd en kinne wy it gau yn it bewarnûmer fan de Treffer sette en fansels hjir op de webside.


Remco Bervoets by CL-finale(3)
Remco Bervoets koe fan tichtby sjen dat in 2e priis yn de Champions League fansels hielendal neat is (klik
hjir).

Transfernijs(9)
Der sille noch wol hiel wat “tranfer”berjochten ferskine de kommende wiken. Meastal is mear as de helt net wier. Hjoed kinne wij melde dat
-Roorda nei PSV giet as keeperstrainer………
-Jol El Hamdaoui ek al net hoecht
-Utrecht Roorda, Toornstra, Derijck en De Ridder hawwe wol
-AS Roma yn Amsterdam is om Stekelenburg op te heljen
-De Gea no dochs echt de opfolger van Van der Sar is by Man United
-Koevermans nei FC Toronto giet
-Utrecht fansels Bas Roorda hawwe wol en Utrecht Geert-Arend Roorda
-de supporters fan Man United foaral frou De Gea mei iepen earmen ûntfange sille………..

WK
Jûn wer it Wommelser Kampioenskip.
It begjint om 20.00 op it skopfjild fan Wommels.

Harsens derby (506)
Fansels wurdt der troch fuotbalsters ek wolris in grutte kâns mist lykas by it fuotballers. Sokke knappe goals sjogge je allinnich by fuotbalsters: