Weppers freed 27-11-2026

SDS-League: Koprinner Tsjallings ‘FC Dronryp’ pakt de wykpriis!
24 november 2026
SDS-League: Koprinner Tsjallings ‘FC Dronryp’ pakt de wykpriis!
24 november 2026

Giet net troch

It B-fjild yn Easterein is foar moarn al ôfkeurd. Foar de wedstriid fan SDS 2 moarntemiddei om 14.00 oere wurdt it fjild moarn om 11.00 oere keurd.

AprèSDS-skifeest

Nei de wedstriden fan SDS 1 en 2 moarn barst it AprèSDS-skifeest los yn de fuotbalkantine.
Kom dus allegear nei SDS.
Lûk in ski- of apepak oan en gaan met dy banaan!

SDS 1 – Geel-Wit 1   (14.00 oere)

Wer in debutant op de Eastereinder fjilden. Sneinsploech Geel Wit fan Amelân hat noch net faak tsjin SDS fuotballe. SDS 1 stiet kreas yn de middenmoat en Geel Wit hat it dreech fandêr it lêste plak yn de ranglist.
Seleksje:
Jorrit
Sven
Niels
Remco
Gerwin
Tim
Jochem
Robin
Matthijs
Pieter B
Wiebe
Wiebren
Jelmer
Ate
Kees
Wytze
Boaz

SDS 2 – Makkum 2  (14.00 oere)

Hoe hat SDS 2 sich hersteld fan de nederlaach fan ferline wike. Kinne se “winstrûte’ wer fine.
Tsjin Makkum 2 kinne wij it sjen.
Seleksje:
1. Arnout (k)
2. Arjen
3. Ewout
4. Auke
5. Jelte-Pieter
6. Jildert
7. Jurjen
8. Redmer
9. Sjirk
10. Wessel W
11. Jelmar
12. Jelle
13. Douwe-Jan
14. Jochem

Oanwêzich: 13.00
Wedstriid: 14.00
Koach: Jort
Flagger: Jan

ONS Sneek 3 – SDS 3 (g.n.t.)

ONS-ers stean ûnderoan, SDS 3 is middenmotor mei it each nei boppen.
Seleksje:
wie noch ûnderweis

Makkum 4 – SDS 4 (g.n.t.)

SDS 4 is in kreaze middenmoter. Makkum hope dat te wurden.
It sil no sa bliuwe, want op it B-fjild fan Makkum wurdt moarn net balle. It is bonkehurd.
Seleksje:
Jelte, Zoran, Tjitse, Bote, Jildert, Allert, Jentsje, Jan-Simon, Ronny, Hendrik, Lieuwe, Jelmer, Jacob-Klaas(twadde helte) en noch twa.

Sinteklaasynkeapen

Foar je Sinteklaasynkeapen kinne je terjochte by SDS. Sa binne der SDS-paraplu’s, SDS-sjalen en SDS-sokken yn de bestjoerskeamer te krijen. Ek kinne jim te plak yn de SDS-teamsjop fan Muta foar SDS-klean lykas trainingspakken en SDS-tassen bygelyks. Sjoch hjir.
Muta hoopt nije wike mei de nije kleanlijn fan SDS yn de Muta-winkel te kommen om te bestellen.

Niels by de SRV?

Sa ’t wy ferline wike melden wurket Niels Hiemstra by de Jumbo yn Wommels en fuotballet hy by SDS.
Hendrik Eringa makke ú oan it twifeljen.
‘Wurket hy net by de SRV?’

Harsens derby(2430)

Woansdei wie it 6 jier lyn dat Diego Maradona stoar. 15 jier nei George Best.