Weppers woansdei 29-5

SDS-slotjûn tige slagge!
28 mei 2019
SDS-spullen ynleverje!
29 mei 2019

Ein-Treffer

No ’t de lêste kompetysjewedstriden sa goed as west binne kinne wy de Ein-Treffer oftewol de Weromsjen-Treffer meitsje. Wy hawwe jim help der wol by nedich. Fan elk team wolle wy graach wer in koart seizoensferslach hawwe. Mail jim ferslach nei DeTreffer@vv-sds.nl! It leafst foar woansdei 5 juny!

Programma dizze wike

26-5-2019 13:45 VSV ’31 MO15-1 SDS MO15-1 5 5
29-5-2019 18:30 Leovardia JO10-2 SDS JO10-1
29-5-2019 19:00 Frisia MO13-1 SDS MO13-1
1-6-2019 10:00 SDS JO12-1 ST IJVC/Blauwhuis JO12-1
1-6-2019 10:00 SDS JO11-2 CVO JO11-1
1-6-2019 10:15 Scharnegoutum’70 JO9-2 SDS JO9-1

Standen

It sit er hast op mei de wedstriden. Dizze wike noch in pear wedstriden en wat er dan noch iepen stiet neffens dizze standen, sil wol net mear spile wurde.

Fjilden ticht

It keunstgersfjild yn Easterein is ticht en kin der net mear op fuotballe wurde. De doelen binne der al ôf helle en der sil grut ûnderhâld plakfine. Sneon 10 augustus begjint SDS 1 wer te trainen en sille de fjilden wer iepen gean.

Doelpunten 3A

Yn de tredde klasse waard dit seizoen omraak skoard. Foaral Wolvega en Heerenveense Boys koene it net maklik fine. Dat de topskoarder fan de tredde klasse A dan ek in spiler is fan ien fan dy klups is logysk. Sjoch hjir foar de list wêr’t Lourens  van der Pol as meast skoarende SDS-er ynstiet.

Nije teamyndielingen 2019-2010

De nije teamyndielingen foar de jeugd en de senioaren komme nije wike woansdei 6 juny hjir op de webside.

Voorlopige indelingen meisjes seizoen 2019/2020

Helaas moeten wij als technische commissie de MO13 uit de competitie halen voor het nieuwe seizoen. We hebben helaas net te weinig speelsters om 3 meisjesteams in stand houden. Dit betekent dat geheel MO13 over gaat naar MO15 en de oudste meisjes van MO15 doorschuiven naar MO19, voorheen MO17.
Akke-Rixt, TC-jeugd

SDS-dropaksje

De SDS-dropaksje hat dit jier sa ’n €1644,- skjin opbrocht! Tige by tige allegear!

Harsens derby (2136)

Net kremeanere!