SDS-slotjûn tige slagge!

Weppers moandei 27-5-2019
27 mei 2019
Weppers woansdei 29-5
29 mei 2019

Ofrûne sneon hawwe wy mei syn allen it fuotbalseizoen ôfslúten mei in frouljustoernoai, de lêste kompetysjewedstriden, muzyk fan Sjouke van Kammen en in barbecue. Anneke Gaastra die de priisútrikking fan de froulju en inkelde jongens dy ’t ôfskie namen krigen in blomke. Sa nimt Floris Hiemstra ôfskie as lieder fan SDS 1, Jeroen Brouwer as lieder fan SDS 2, Pieter de Boer as lieder fan de JO19-1 en Enne-Jehannes Bruinsma fan de sponserkommisje. Tige by tige allegear!

Bauke de Boer naam foar 18.00 oere alfêst efkes wat krease foto’s.


Pieter de Boer, Floris Hiemstra, Jeroen Brouwer en Enne-Jehannes Bruinsma mei de blommen!


It frouljustoernoai wie tige slagge!


De A’s en SDS 4 hienen in moai plakje op it terras foardat de barbecues oan gienen.

De froulju koenen bûten efkes rêstich neiprate oer it tige slagge SDS-frouljustoernoai.

Bûten stie it ek wol noflik.

SDS 2 hie in moai plakje mei syn allen by it rút. Ticht by de bar en dochs noflik muzyk lústerje kinne.


SDS 3 hie him in moai plakje ferskaft yn de buert fan de sjonger.


De jongste jeugd koe oan it begjin fan de jûn noch rêstich by Sjouke van Kammen sjen.