Weppers woansdei 29-4

Weppers tiisdei 28-4
27 april 2015
Weppers tongersdei 30-4
29 april 2015

De SDS-keunstgerslotten

Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer: NL83RABO0301290067 t.n.f. SDS-keunstgers
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Graach foar 3 maaie!


Per sé foar 30 april?
Alle fuotbaljende SDS-leden hawwe lotten krigen en waarden dêrby frege om foar 30 april it jild yn te leverjen. Dit jild fansels allinnich as je alle lotten ferkocht hawwe. Hawwe je noch net alle lotten ferkocht dan joue wy jim noch twa wiken om de lotten te ferkeapjen. Dan meie jim it jild dus ynleverje foar 14 maaie.
De ferlotting is op de grutte SDS-jûn op sneon 30 maaie.

Seal
De jonges fan SDS Seal 1 geane jûn de seal wer yn foar harren hast wyklikse potsje fuotbal. Sij meie it opnimme tsjin SWZ Boso Sneek 2. It begjint om 20.00 oere.

Utslach
De famkes fan SDS MD 2 hawwe justerjûn thús spile tsjin Heerenveen MD1. Oan de útslach te sjen wie it ferskil wol grut (2-11)

Sûker
 
Sûn ite en drinke ek yn sportkantines stiet op dit stuit aardich yn de belangstelling . Dit printsje jout de sûkers oan…..

Ut de âlde Treffer
Dizze kear in stikje út de Treffer fan 1976. Dit wykein  waard Lions kampioen yn de 5de klasse. Yn dy tiid siet SDS 1 bij de Lions yn. Dat wie yn de 4de klasse A.


Harsens derby (1490)
Lekkere tackle!