Weppers tiisdei 28-4

SDS-keunstgerslottenaksje!
26 april 2015
Weppers woansdei 29-4
28 april 2015

De SDS-keunstgerslotten

Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer: NL83RABO0301290067 t.n.f. SDS-keunstgers
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Graach foar 3 maaie!


Per sé foar 30 april?
Alle fuotbaljende SDS-leden hawwe lotten krigen en waarden dêrby frege om foar 30 april it jild yn te leverjen. Dit jild fansels allinnich as je alle lotten ferkocht hawwe. Hawwe je noch net alle lotten ferkocht dan joue wy jim noch twa wiken om de lotten te ferkeapjen. Dan meie jim it jild dus ynleverje foar 14 maaie.
De ferlotting is op de grutte SDS-jûn op sneon 30 maaie.

Spesjale lotten te keap!
Foar de échte leafhawwer hawwe wy noch in setsje spesjale SDS-keunstgerslotten lizzen. It giet om de nûmers 1 oan ’t en mei 10. Wy witte fansels net as it gelok bringt, mar it is wol spesjaal. Wa ’t it earst €100,- bied mei se hawwe. Maile nei info@vv-sds.nl!


Standen

Mei noch in oantal wedstriden te gean sjogge de ranglisten fan de SDS fjildalve- en sântallen der 
sa út. 

Heale finale beker!
De famkes fan SDS MD1 meie sneon foar de heale finale fan de beker fuotbalje tsjin SJO Oostenburg. De wedstryd is sneon om 11.15 oere yn Oosterwolde.

Foto’s SDS 1 – WPB 1
Henk Bootsma sjitte hiel wat plaatsjes ôfrûne sneon. Jim kinne se hjir fine.

Hege stim?
Dat Erik Haitsma op Keningsdei wat in hege stim hie kin kloppe………

Foto Henk Bootsma

Skorst
Mar leafst trije spilers fan SDS 1 binne skorst foar kommende sneon. Sawol Ewout de Boer, Bauke Dijkstra as Jacob-Klaas meie sneon SDS 1 – QVC 1 fanôf de kant besjen.

Van Persie giet noch foar ien priis!
SDS’ers hoefe net mear nei Manchester om in SDS-keunstgerslot oan Van Persie te ferkeapjen. Hy hat al ien. Sa kin der dit seizoen miskien dochs noch in pryske pakke……

sc Bolsward E5 – SDS E5 (6-2)
It wie in hiele omdwaling op it sportcomplex fan Boalsert foardat wy einliks yn de goeie klaaikeamer wiene. D’r wie dan ek net in protte tiid mear om yn te spieljen, mar de romte wie d’r dochs ek net foar dus dat makke al net folle út. Boalsert stie op in twadde plak en wy hiene thús 8-0 fan hun ferlern. De opstelling wie hjoed oars as wat wy went wiene. 
Us meastens fêste keeper hie hjoed in plakje yn’t fjild yn plak fan ûnder de latte. Dertroch moasten fjildspilers op de goal. Wy begongen sterk oan dizze pot en hiene al snel ús earste goal. Elbrich joech in moaie pass op Tobias, dy’t dertroch countery koe en in moaie goal yn de earste pear minuten makke. Dernei wie it foaral SDS dy’t de bal rûn spiele. Goed fuotbal mei in protte balbesit. Dit wie te danken oan it hurde wurkjen wertroch duels meastenstiids wûn waarden. En as dit efkes net slagge waard it nochris prebjearre sadat de bal alsnog ien ús bezit kaam. Boalsert wie de earste helte net iens sa hiele gefaarlik. Toch kaam d’r fan hun kant twa goals yn de earste helte sadat wie mei 2-1 efterstân de rêst ien giene. De twadde helte wie yn it begjin nog steeds foar ús. Ek wer troch hurd wurkjen. Toch makke Boalsert de 3-1. Doe lyke d’r wol efkes in mentaal tik útdielt te wêzen troch Boalsert. It hurde wurkjen eiste syn tol en wy waarden wurrich. Dat wie ek it punt dat Boalsert oer ús hinne rûn. Wy wiene leech en in pear rare blessures wurken ek net ien ús foardiel. Ik moast de iene dy’t út it fjild wie mei in blessure en noch mar krekt in bytsje dêrfan bekommen wie al gau wer it fjild opstjoere omdat de oare alwer net fierder koe. Foardat wie it wisten stiene wy 5-1 efter. Toch wist Milan noch in kear te skoaren wertroch d’r nog in bytsje hoop wie. Mar doe Boalsert de 6-2 makke, wie ek dat stikje hoop ferlen en de wedstriid spiele. Helaas toppers. Hurd wurke, stik foar stik! Mar it waard net beleane… As jim folgende wike sneaon ek sa hurd wurkje tsjin Makkum, dan kinne wy dat seker winne.
Herman

Imre
Ôfrûne freed binne Jeroen Brouwer en Anke van Asselt de grutske âlders wurden fan Imre Anne-Jan Brouwer. It mantsje is 8 pûn en makket lykas syn heit en mem en broer Marèn goed. Fan herte lokwinske!

SDS MD 2
Jûn om 19.00 oere de wedstriid SDS MD 2 – Heerenveen MD1.

Ut in âlde Treffer

Ek yn 1982 adfertinsjes yn de Treffer. Sa as dizze mei Tjerk of Hendrik sels noch op de trekker….

Alderaardichst
Het Betweters Koningsdag Elftal!

Harsens derby (1489)
Alwer in Dútske keeper dy ’t skoort!