Weppers tongersdei 30-4

Weppers woansdei 29-4
28 april 2015
Oanfraach spilerspassen!
30 april 2015

De SDS-keunstgerslotten ynleverje

Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer:
NL83RABO0301290067 t.n.f. SDS-keunstgers
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Sneon is Douwe-Dirk ek wer op de Skoalleseize fan 10.00 – 11.00 oere om jild te innen en middeis fanôf 15.30 oere is Willem der wol!

Net HJOED, dan FOAR 17 maaie!!
Alle fuotbaljende SDS-leden hawwe lotten krigen en waarden dêrby frege om foar 30 april it jild yn te leverjen. Dit jild fansels allinnich as je alle lotten ferkocht hawwe. Hawwe je noch net alle lotten ferkocht dan joue wy jim noch twa wiken om de lotten te ferkeapjen. Dan meie jim it jild dus ynleverje foar 17 maaie.
De ferlotting is op de grutte SDS-jûn op sneon 30 maaie.

Tige by tige!
Ús freonen fan vv ONT út De Pein hawwe ek 5 keunstgerslotten kocht. Tige by tige!

By 20!
Ek dizze wike wurde der wer lege lottenboekjes per 20 ynlevere. Jajuster kamen Rutger (C2) en Redmer (E2) Wiersma dy ’t al harren 20 lotten al ferkocht hienen en juster Anne-Klaas en Jan Bootsma. Sjapoo! 

SDS-keunstgerslotten keapje!
Je kinne ek noch altiten SDS-keunstgerslotten keapje troch hjir te klikken.

SDS-jûn op 30 maaie mei feiling en ferlotting
No ’t in protte lju de lotten foar de SDS-keunstgerslotterij al kocht hawwe sitte in protte ek mei smart te wachtsjen op de ferlotting op sneon 30 maaie……..
foto van Keunstgêrs foar SDS.
Dan mar gau wat waarme klean keapje……….

Akkrum A1 – SDS A1
Jûn yn Akkrum om 18.30 oere spilet SDS A1 in wichtich potsje. Tjerk van der Pol leit it ús en jim út.
As SDS wint spylje wij wer 1e klasse oare jier
As we gelyk spylje binne we fan Bolsward en LSC A2 ôfhinkelijk.
As we ferlieze binne we noch meer fan Bolsward en LSC A2 ôfhinkelijk.


Foarwedstryd
De froulju fan SDS Vr2 spylje sneon op it haadfjild yn Easterein om 12.40 oere tsjin it sântal fan vv Arum Vr.1. Dit om it publyk alfêst op te waarmjen foar SDS 1 – QVC 1 om 14.30 oere of om alfêst sjen te litten hoe ’t it wol moat!

Trainingsfjild foar de boksen
Het trainingsveld voor de boxen, kan van af volgende week niet meer gebruikt worden het wordt dan opnieuw ingezaaid.

Het wordt achter de sporthal wel druk maar het is even niet anders.

Het A veld kan niet deze is in gebruik bij de KF.
Het MFT kan eventueel ook gebruikt worden.


De kantine is jûn iepen
SDS 1,2,4 en 5 traine jûn allegear yn Easterein en Syb Overal hat bartsjinst yn de kantine. Syb soarget der fêst foar dat it dak derôf giet!

SDS-League
Letter hjoed kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS-League besjen.


Harsens derby (1491)
Probearje dit net thús!
Of it moat oan de picknickbank wêze!