Weppers woansdei 27-8

Seleksje SDS 2 – WPB 2
25 augustus 2014
Weppers tongersdei 28-8
27 augustus 2014

SDS 1- Kollum 1    4-0
At dit it “nije” SDS 1 fan 2014-2015 is, dan is fuotbal sjen in aardichheid. Mei fris spul en in goeie ynstelling wie it SDS dat fanôf it begjin de boppetoan spile yn dizze striid. Doelripe kânsen yn it begjin en in strafskop yn de earste minuten hie ek net ûnredelik west.
No foel it earste doelpunt nei in kertierke fuotbaljen en it wie Jelmer Posthumus dy’t skoarde. It waard foar it skoft ek noch 2-0 (wer Jelmer) en 3-0 troch Hindrik de Jong mei in moai skot.
Kollum wie ûnderwilens al mei 10 man want in giele kaart foar in oertreding en dêrnei it fuorttriuwen fan de skiedsrjochter resultearre yn read.
De twadde helte kaam Kollum iets mear yn de wedstriid mar it wie SDS dat legio oan kânsen krige troch gefaarlike útfallen. De trainer fan SDS koe in kertier foar tiid syn trije wiksels ynsette en it moaie wie dêrby dat dit âld en jong wie. Harm Stremler as de feteraan en de bruorren Heeres as de jonge “broekkies”.
It wie wol ien fan de Heeres jonge (Wiebe of Teun) dy’t mei in prachtige aksje Wytze Lanting yn steat stelde de 4-0 oan te tekenjen. In moaie en terjochte oerwinning en tefreden publyk (útsein dy út Kollum, mei ik oannimme).
(ah)

SDS 2 – WPB 2     0-2
SDS 2 hat ek de twadde bekerwedstriid ferlern. De einstân fan 0-2 wie bij it skoft al berikt. Al mei al wie SDS 2 op ‘e nij seker net minder, mar waarden der te min kansen ôfdwong en wie WPB tige effektyf foaryn.
Sneon bekert SDS 2 thús tsjin 1e-Klasser ONS.

Jûnsfuotbal
Jûn kinne jim wer telâne op it sportpark foar twa wedstriden.  C2 en B1 traapje beide om 18.45 ôf tsjin AVC C2 en Stiens B1.
SDS Vr1 en SDS C1 hawwe in útwedstriid.
De rest fan it programma fan dizze wike kinne jim
hjir sjen.

Ferpleatst
Arum-Stormvogels C1 – SDS C1 verplaatst naar 30/08 om 09.30 in Achlum.
Pieter

Alderaardichst
In famke yn Ingelân krige in weddenskip fergees oanbean. Sy tocht de 2,50 yn te setten op in 4-0 oerwinning fan Manchester United, mar fulde it ferkeard om yn. Hjir hat sy gjin spyt fan krigen………..
View image on Twitter

Oh my god as if I won this on a free bet that I thought I was putting on united oh my god oh my god

Harsens derby(1323) 
Knappe panna!