Weppers woansdei 27-3-2019

Weppers moandei 25-3-2019
25 maart 2019
Weppers tongersdei 28-3-2019
28 maart 2019

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn

SDS 1 spilet jûn thús om 21.00 oere tsjin Haskerland 3.

ONT JO17-1 – SDS JO17-1

Ofrûne sneon spile SDS JO17-1 út tsjin ONT JO17-1 en wûn knap mei 6-3. Jim koenen by de wedstriidferslagen fan sneon al in kreas ferslach fan Anco Bervoets fine. Hjoed krigen wy fan ús fuotbalwebfreon en wepmaster fan ONT, Sjouke Walinga, troch dat ek ONT in kreas ferslach makke hat fan de wedstriid en ek noch prachtige foto’s. Jim kinne it hjir op de webside fan ONT fine.

Nije trainer/koach foar SDS 3?

De flagger, Daan Boersma, en de grutte stiper, Jelle de Jong, binne dizze wike mar wer ris nei de Kanaryske Eilannen. Dit dogge sy fansels net foar neat. Ek dit jier probearje sy âld-trainer fan SDS, Jaap de Blaauw sa fier te krijen om de nije trainer fan SDS 3 te wurden.

Betterskip!

Inkelde wiken werom rûn Ewout de Boer fan SDS 1 al in skouderblessure op en sûnt juster hat ek Anco Bervoets fan de JO17 in skouderblessure. Wy winskje beiden betterskip ta!

Sneon 30 maart

Sneon ferlear SDS 1 spitich genôch fan Heeg 1. Wy geane der fanút dat de noazen dizze wike allegear de goeie kant wer op stean om sneon fan Workum te winnen. Jim binne allegear fan herte wolkom!

Lokwinskuhuhuuhuuhuuhuuhuuuuh!

Good-old Wichard Deinum is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Harsens derby (2118)

Ho!

 

Letter miskien mear!