Weppers tongersdei 28-3-2019

Weppers woansdei 27-3-2019
27 maart 2019
Weppers freed 29-3-2019
29 maart 2019

Spannende sealjûn

Woansdei gjin fuotbal op tv mar wol yn de sporthal yn Easterein. SDS “sealde” juster tsjin Haskerland . It wie in spannend potsje mei in einstân fan 4-4.
Haskerland kaam mei 3-1 (Willem) foar, mar SDS wie neat minder. Mei knap en snel oanfalsspul wisten sy genôch kansen te kreëren, mar der bal woe der lykas ferline wike mar min yn. It waard 3-2 (Robin) en Haskerland like ryp foar de slacht. Doe ’t it al gau 4-2 waard like de wedstriid spile, mar dêr woenen de SDS’ers neat fan witte. Fûleindich gienen sy op syk nei de 4-3. In Jouster holp úteinlik in ‘hantsje’ troch de bal mei de han te spyljen en Haskerland mei in man minder fierder moast. SDS spile dit gau út en makke lyk 4-3 (Robin). Mei noch 2 minuten op de klok begie de tiid te dringen. Kansen genôch op ‘e nij, mar hy woe der mar min yn. Pieter de Vries I makke úteinlik de lykmakker en SDS hie sels yn blessuretiid noch winne kinnen ek……

VTON-jûn foar leiders en trainers fan SDS

Woansdei 3 april sil Lourens van der Pol in útlis jaan oer it gebrûk fan de VTON-app mei help fan in presintaasje en in proeftraining. Alle leiders en trainers fan SDS binne fan herte útnoege. De ynrin is fanôf 18.45 oere en 19.00 oere giet it los.

Standen

Hoe’t alle teams fan SDS der foar stean kinne jim hjir sjen.

Wedstriidsponsers


Kommende sneon ek wer twa wedstriidsponsers bij de thúswedstriid fan SDS 1 tsjin Workum 1. Dizze kear gjin bedriuwen mar de hearen Enno Bruinsma en Rein Hofstee.

De kompliminten!

De gemeente Súdwest Fryslân is tige tefreden oer de Skoalleseize. Sjoch hjir mar ris!

De trainer op strjitte

Nije wike spilet SDS 1 út tsjin sc Berlikum. Om in mooglik skokeffekt te kreëren hawwe sy juster de trainer op strjitte setten. Wy sille nije wike sjen as dit wat opsmyt. Sjoch hjir.

SDS-tas foar mar 15 euries!

Yn gearwurking mei Muta-Sport kinne wy noch in pear SDS-tassen ferkeapje foar mar 15 euries!
Wolle je ek sa ’n tas, keapje dan sneon ien yn de bestjoerskeamer!
Der binne noch sa ’n 5 tassen te krijen.
De tassen binne nûmere fan 58-69.
Op=op!
Underyn de tas sit in spesjaal fak foar de fuotbalskuon.
Normaal koste dizze tassen 33 euries.

 

Harsens derby (2119)

Somtiden haw je sa ’n dei dat de bal der mar net yn wol!

 

Letter miskien wol mear!