Weppers moandei 25-3-2019

SDS-tas foar mar 15 euries!
23 maart 2019
Weppers woansdei 27-3-2019
27 maart 2019

Foute supersneon

By Foarút wie it sneon foute supersneon. SDS 3 moast der hinne om tsjin Foarút 3 te fuotbaljen en yn it ramt fan it tema mochten sy fuotbalje yn de sjurts fan………… Dronryp! ‘Dronryp’ wûn de wedstriid úteinlik mei 4-2. It kin dan ek wêze dat SDS 3 dit seizoen faker yn de sjurts fan Dronryp fuotbalje sil……

SDS JO19-1 hellet út!

SDS JO19-1 hat sneon knap mei 4-0 wûn fan MKV JO19-1. Wytse Yntema (2x), Hendrik van der Eems en Kevin den Haan (fan de JO17-1!) makken de goals. Hie de JO19-1 it fizier noch wat skerper hân dan hie de útslach noch wol dûbel sa heech wurde kinnen neffens tsjûgen.

Skorst

Frank Bervoets krige sneon tsjin Heeg 2 giele kaarten en is dus skorst foar de wedstriid fan SDS 1 kommende sneon tsjin Workum 1.

SDS-tas foar mar 15 euries!

Yn gearwurking mei Muta-Sport kinne wy noch in pear SDS-tassen ferkeapje foar mar 15 euries!
Wolle je ek sa ’n tas keapje dan sneon ien yn de bestjoerskeamer.
Der binne noch sa ’n 5 tassen te krijen.
De tassen binne nûmere fan 58-69.
Op=op!
Underyn de tas sit in spesjaal fak foar de fuotbalskuon.
Normaal koste dizze tassen 33 euries.

Mei de bus nei Willemsoord 1 – SDS 1!

Op (‘Peaske’)sneon 20 april spilet SDS 1 út tsjin Willemsoord. Krekt sa ’n potsje om mei syn allen yn de bus der hinne tochten wy sa.
Foar supporters kostet it mar €5,- Dit is foar in retourke fansels!
Hooplik sitte de 3 punten der ek by yn! De earste supporters hawwe harren al opjûn.
Wolst ek mei jou dy dan hjir op! Of lit it Willem Wijnia witte.

Harsens derby (2117)

Ho!

 

Letter mear!