Weppers woansdei 27-10-2021

SDS-League: ‘FC Op nei de top’ pakt de wykpriis!
26 oktober 2021
Plestik fleskes sparje foar in pannakoai
28 oktober 2021

Buswedstriid SDS 2

SDS 2 sil kommende sneon yn de bus nei Grins. Sy meie dêr om 14.30 oere balje tsjin Knickerbockers 6. Der kinne noch mear mei. It kostet €10,- p.p.
Hjir de reisgegefens:
Datum: 30-10-2021
Aantal personen: 45 maximaal
Adres vertrek SDS Easterein, Het Heechiem 11, 8734 GS Easterein
Voorstaan 11.55
Vertrek 12.05
Bestemming G.S.V.V. The Knickerbockers, Blauwborgje 13, 9747 AC Groningen
Aankomst 13.25
Aanvang retour 19.00

Sealteam

SDS 1 seal komt jûn yn aksje tsjin Futsal Heerenveen 3. Dat binne de koprinners.
Jim kinne der bij wêze, om 20.00 oere yn de sporthal yn Easterein

SDS 1 yn LC


De stikjes fan it amateurfuotbal yn de krante fan moandei binne alles of neatsizzend.

In goeie foto op de digitale spilerspas

Foar in skiedsrjochter is it wichtich as der in goeie pasfoto op je digitale spilerspas stiet. Oars kin it je sa de wedstriid koste. Jim kinne de foto sels noch oanpasse oant 1 novimber. Sjoch ek hjir.

SDS Vr.1 – DWP Vr.1

SDS Vr.1 spilet sneon om 12.00 oere thús op keunstgers tsjin de froulju fan DWP Vr.1. SDS sil probearje de earste punten binnen te heljen. De muoite wurdich om efkes te sjen tochten wy sa.

SDS 1 – Heeg 1

Kommende sneon wer in thúswedstriid fan SDS 1. Tsjinstanner is Heeg. Dy wurde traind troch Lykle Bleekveld, de âld-trainer fan SDS.

Sneon foar €10,- nei sc Heerenveen – Vitesse

Kommende sneon kinne je foar €10,- al by sc Heerenveen – Vitesse oanwêzich wêze. Je kinne hjir kaarten bestelle. Fan de €10,- giet ek nochris €2,- nei SDS. Net stinne, mar hinne soenen wy wol sizze.

Harsens derby (2319)

Sa’n skot wat je efteroer fallen docht……

Letter miskien wol mear!