Weppers woansdei 25-9-2019

Weppers moandei 23-9-2019
23 september 2019
SDS-League: ‘Brekken-Boys’ pakt de wykpriis!
26 september 2019

Sleutels fuort……..

Sûnt sa ’n 3 wiken is der in sleutelbos fan de boksen fuort. Hy sil wol by ien yn de bûs sitte. Sjogge jim ien krom rinnen jou it dan efkes troch, want der sit best in grut houtsje oan it sleutelbos. Degene mei wol kontakt opnimme mei Willem Twijnstra (w.twijnstra@home.nl of 0515-332570) of it leafst sa gau mooglik de sleutels wer yn it sleutelhokje hingje.

Meinte-Sixmatoernoai

Op 22 oktober aanstaande is het weer tijd voor het jaarlijkse Meinte Sixma toernooi.
Jo-8 tot en met Jo/mo 13 van zowel Nijland als SDS gaan dan met elkaar de sportieve strijd aan in een mixtoernooi. Dit jaar is het al de 25e editie en daar zullen we extra bij stil staan! Binnenkort komt het opgave formulier op de site, hou het in de gaten! Het spektakel start om 14 uur.

De jeugdcommissie vv SDS/vv Nijland

SDS 3 op de foto

SDS 3 is yn de klean setten troch Metz Style en kaam sneon prachtich op de foto:

SDS seal

Jûn yn de sporthal yn Easterein de sealfuotbalwedstriid SDS 1- sc Bolsward 2. Elkenien is wolkom om 20.00 oere.

Sealfuotbalje

SDS 1 kin noch wol wat sealfuotballers brûke. Mei troch blessures is de seleksje wat krap. Liket it je wat, mail dan nei info@vv-sds.nl of nim kontakt op mei Willem Wijnia.

SDS MO13-1

Woansdeitejûn ek yn Easterein de wedstriid SDS MO13-1 tsjin Leovardia MO 13-1. It begjint om 18.45 oere.

Gjin fluit oan…..

Gert-Jan Hessels fluite ôfrûne sneon de wedstriid tusken SDS 4 en Bakhuizen 2. Yn de rêst barde der iets opmerklijks. Gert-Jan wie by SDS 4 yn de boks en woe wol oan de twadde helte begjinne. Ien probleemke……… Gert-Jan wie syn fluit kwyt…… Allert koe mar ien helte fuotbalje by SDS 4 en wie yn de rêst nei hûs gien en wie it net krekt op de tas fan Allert wêr ’t Gert-Jan syn fluit dellein hie. Oftewol Allert hie Gert-Jan syn fluit mei en mocht de twadde helte mei in oare fluit fluitsje.

Blesseard

Nei sa ’n earste kompetysjesneon haw je meast de earste blessearden al. Marco Rijpkema wie by SDS 1 al blesseard foar ’t de earste kompetysjewedstriid begie, Hendrik de Jong rekke by SDS 2 blesseard yn de warming-up, Sjoerd de Boer by de JO19-1 tidens de wedstriid en Aiso Agricola by de JO19-2. Sneue bak wie it hielendal foar Stan Korbach dy ’t snein in flinke ankelblessure oprûn by it keatsen.

Tummytub

De spilers fan SDS 3 wienen der sneon o sa wiis mei dat sy op it B-fjild op gêrs fuotbalje mochten. De woskfrou tocht dêr iets oars oer……..

SDS-League

Moarn kinne jim hjir wer de nijste stân ferwachtsje.

Harsens derby (2158)

Kop der foar!

 

 

Letter miskien mear!