SDS-League: ‘Brekken-Boys’ pakt de wykpriis!

Weppers woansdei 25-9-2019
25 september 2019
Weppers freed 27-9-2019
27 september 2019

It is dizze wike ‘Brekken Boys’ fan Okke van der Kamp dy ’t de wykpriis pakt. Hy pakt mar leafst 62 punten en bliuwt hjirmei ‘Kratje Bier'(Robert Hoekstra) ien puntsje foar en ‘Aan de kant ik moet naar het stadion'(Sjoerd van Beem) krekt twa.
Okke van der Kamp begjint it seizoen sawisa net gek, want mei SDS 2 is hy sawol yn de beker as yn de kompetysje noch sûnder ferlies.

De kopposysje bliuwt yn hannen fan ‘Hiemteam’ fan Niels Hiemstra dy ’t ‘Brekken Boys’ noch krekt 4 puntsjes foar bliuwt.

Hendrik Eringa is noch nea sa goed starten yn de SDS-League as dizze kear mei ‘Retirement Sucks’. Hy stiet no al 5e. Hy keapet der net ien op, want de flesse is te moai om oan te brekken;

De reade lantearn is no foar Erik Haitsma mei ‘Lekkah Sauze!’, al stiet hy mar ien puntsje ûnder ‘FC De Reservebank’ fan Annejan Hallema.

De wedstriden fan juster en jûn wurde opteld by de punten fan kommend wykein.

SDS League 2019-2020 earste helte wike 2