Weppers woansdei 24-8

Weppers tiisdei 23-8
22 augustus 2011
Weppers tongersdei 25-8
24 augustus 2011

SDS 1 wint
Justerjûn spile SDS de bekerwedstriid tsjin Bolswardia. It wie in hearlik bekerpotsje, mei spanning oan de lêste minút ta. Yn de earste helte hie doelman Jaap Toering fan SDS net folle te dwaan wylst de Bolswardia doelman “hâlden en kearen ” hie. De 2-0 wie in goeie ôfspegeling fan it krêftsferskil. SDS kombinearde goed en it SDS publyk fermakke him prima.
Yn de twadde helte stie der in oar Bolswardia. Troch wat omsettingen namen sij it foartou en der wiene hachelike mominten foar it doel fan Jaap Toering. De 2-1 koe net útbliuwe. De gelykmakker hie ek noch wol falle kind mar de 3-1 ek. Jelmer Posthumus waard oantikt yn de 16 en hij gie fol selsbetrouen efter de bal stean om syn tredde oan te tekenjen. De bal waard net goed ynsketten en de doelman fan Bolswardia joech mei it kearen fan de bal de Bolswardianen nije hoop. Kânsen oer en wer mar it slagge úteinlik net mear om te skoaren. 2-1 winst foar SDS, in leuke wedstriid en moai waar. Wat wolle je noch mear.

It geheim fan Jelmer

Jelmer Posthumus skoart omraak dit seizoen. Wij wiene wol benijd wat it geheim efter dit sukses is en gyngen op ûndersyk út en kamen út bij “Ite mei Gerrit”.
At der noch wat foar Gerrit oer bleaun is, witte wij net.

Clarence Sluierklassemint
Wij ha der wer ien foar it Clarence Sluierklasssemint 2011-2012. Jelmer Posthumus miste yn de twadde helte de strafskop tsjin Bolswardia en wij rekkenje derop dat hij of syn maten in kreaze Clarence foto oanleverje. 

Foto
Wij krigen dizze wike in prachtige foto fan Gerlof Ykema fan Wommels. De B’s fan 1962-1963. Nei wat speurwurk binne wij efter alle nammen. Yn de folgjende Treffer jouwe wij byld. Hawwe jim ek noch hiele âlde foto’s dan wolle wij dêr graach wat mei dwaan. 

PC
It sil jim net ûntgien wêze mar hjoed is de PC foar froulju yn Weidum. Om 11.00 begjint it en it is foar tsjuster dien. 

SouthPark (35)
Wy kinne wer twa dagen foarút mei se South-Park-SDS’ers. Us fêste leveransier hat wer twa makke. Wolle jim ien meitsje dan kinne jim der 
hjir alles oer lêze.
Tank sij Janneke van den Elshout is Geartsje Klaversma
no ek South Parker.
 

Harsens derbij (548)
Je moat tsjintwurdich ek al om de “scootmobiele eenheid” tinke: