Weppers tongersdei 25-8

Weppers woansdei 24-8
23 augustus 2011
Weppers freed 26-8
25 augustus 2011

Trainer SDS 4 en 5
Harm Abma sil fanôf tongersdei 25 augustus de training fersoargje. Neffens ús ynformaasje is dat no fan 19.00 oant 20.00 oere. Dus âld en jong jûn trêne.

SDS D1 traint net
Wegens in te grut oantal fekânsjegongers giet it trainen fan de D1 jûn net troch.
Tsjipke

Foto SDS 1 – Bolswardia 1

De heit fan Elmer en Tjalf Woudstra makke tiisdei dizze foto: Jaap yn aksje

Marije

Marije Hiemstra (Da1) helle juster de tredde priis op de Froulju’s PC. Fan herte.

PC-Kenner
Jaap Toering is de froulju’sPC kenner bij SDS. Hij siet er it tichtst bij mei 46 earsten. It wurklik oantal earsten? Gjin idee, mar Jaap wie de ienige dielnimmer.

SDS’ers derop út
Pieter Kamstra en Akke-Rixt Zysling wienen ferline wike op fakansje yn Spanje en tafallich moasten Barcelona en Real Madrid doe ek tsjinelkoar fuotbalje. Sy binne der west en litte witte dat it tige de muoite wurdich wie.

It stadion rekke úteinlik hielendal fol mei 100.000 man.


Hjir 2 fan de 100.000


It stadion rekke ynderdaad aardich fol.


Barcelona mei de earste priis fan dit seizoen.


Blesseard?
Sjoerd van Beem hat op it heden wer slim lêst fan syn ribbekast en kin noch altiten net keepe. Bokjespringe slagge blykber al op Lowlands seagen wy yn de NRC-Next. Of siket der syn sinnebril yn ’t donker?

Sjoerd van Beem hielendal rjochts op de foto sykjend nei syn ferstân………

Idee?
Playstation in het stadion
Miskien is it in idee as Bram van Beem by de earstfolgende wedstryd fan SC Heerenveen syn Playstation-controler meinimt om SC Heerenveen wer ris winne te litten………….

SDS’ers derop út(2)
Tom en Pieter gienen foarige wike mei harren heit en mem nei Ajax – SC Heerenveen. Fan te foaren moast der fansels al in foarsizzing dien wurde oer de wedstryd. Pieter hie it as ienige goed; “Wat hoopsto dat it wurdt, Pieter?” “Eeeuuuuuhhh, moai waar………………”

Harsens derbij (549)
Soksoarte fuotbalhumor mei wy wol lije: