Weppers woansdei 24-3

Weppers tiisdei 23-3
22 maart 2010
SDS League: De Toekomst pakt wykpriis!
24 maart 2010

Ron Jans
De sponserjûn mei as sprekker Ron Jans is juster best slagge. Nei lekker iten te hawwen yn it Reade Hynder kaam hy om 20.00 yn in bomfol ferieningsgebou. Hjir rekke Jans mar net útpraten oer û.o. Martin Drent, neat oer SC Heerenveen, FC Groningen, syn swager, PEC Zwolle, syn tiid as fuotballer yn Japan, it WK, Sita Tjepkema, it Nederlâns alvetal, Johan Derksen en noch folle mear:
 
Foto Henk Bootsma

Sibe is net mear
Foar de minsken dy ’t de nijste Treffer al yn ‘e hûs hawwe en him al lêzen hawwe is it gjin nijs mear, mar Sibe de Seefûgel is net mear. Oer hoe ’t dit sa bard hawwe kin kinne jim
hjir lêze:

Nea wer Sibe. Wy sille him misse.

SDS League
Fannemiddei kinne jim hjir de nije stân fan de SDS League fine.

Spuie of leide?
Jan Stenekes soe sneon leiderje by SDS 3 mar waard siik. Hy tocht Sjoerd te strikken om te leiderjen. Dit SMS’te hy Sjoerd;
“He! Yn neifolging fan de rest fan de famylje bin ik mar wer ris oan de beurt. Kotsie Kotsie! Soest do it hjoed aub oernimme wolle?  It makket net út wat, it kotsen (lijden) of it leiden. Haai.
P.s. Ik ha net frywillich keazen foar opsje 1, in besite oan de famylje Stenekes hie myn lot foar dizze sneon al besegele”
Sjoerd belle Jan gelyk, mar dat tillefoangesprek duorre net lang, want Sjoerd moast as de bliksum nei de goatstien. It waard dus ek foar Sjoerd opsje 1………
Tongersdeis hie hy oars noch sa lekker iten by Jan thús…..

Easterkittens
De froulju fan Easterlittens 1 moasten sneon ek yn Workum fuotbalje lykas SDS 3. De mannen fan SDS 3 betochten in moaie bynamme foar de froulju fan VVO; “The Easterkittens”.

Harsens derby (173)
Wat dogge je as je binnen de minút de bal foar de fuotten krije al is de bal noch op de eigen helte? Op ‘e goal sjitte fansels!