Weppers tiisdei 23-3

Weppers moandei 22-3
21 maart 2010
Weppers woansdei 24-3
24 maart 2010

Ron Jans
Jûn komt de trainer fan FC Groningen en takomstich trainer fan SC Heerenveen, Ron Jans, as sprekker op de sponserjûn. Foar de sponsers dy ’t him noch net sa goed kinne hjir in webside fine wêr ’t syn fuotbal- en trainerskarriëre beskreaun stiet(klik hjir).
Sjoch ek efkes op de webside Ronbedankt.nl wêr ’t supporters fan FC Groningen Ron Jans tank sizze kinne foar de 8 jier dat hy dêr wurke hat. It mei dúdlik wêze dat net alle Grinzers der wiis mei binne dat Jans nei dit seizoen nei SC Heerenveen giet.


Kopke derbij
Dat SDSda2 regelmjittich skoart is gjin nijs mear. Dats Jits Spits Plantinga it net maklik fynt is ek algemien bekind. Nij is no ek dat der mei in kopbal skoard wurdt. Jitske seit der dit fan: “Suver leuk omdat ek een kear te dwaan!”

Doelpunten
Mei de doelpunten fan dit wykein der bij sjocht it totaal der no
sa út. En wij witte net hoe’t it fielt bij de top trije mar nû 4 komt der oan.

De kâns om te fuotbaljen
Foar de feteranen fan SDS is 2009-2010 in rampjier. Tsjinstanners en waarminsken dogge der alles oan om de ploech sneons net it fjild yn te krijen. Dat is al mei al al mear as 12 kear slagge dit seizoen. It is mar in gelok dat sommige fan dizze feteranen al in priis binnen hawwe: It toernooi op Skylge. Jacob Plantinga meldt ús:
It is wer safier, de utnoeging foar it jierliks treffen op Skylge is wer binnen.
Elts wa âlder is as 35 en noch rinne kin en lid is + in pear útsonderingen en Harm Auke kin him/har opjaan.
Dit sil barre yn it wykein fan 28 augustus. Us hotel is al wer besprutsen.  Wêz d’rby, want fol = fol
It sil wol trochgean want sa âld as it toernooi is, is’t noch nea ôflast. 
Groetnis Jacob

Klinik sportklup Hearrenfean
It klinkt ús as muzyk yn de earen: Kom nei Wommels. Seker at der in fuotbalklinik holden wurdt. Begjin juny is dat sa.
Kom Nei Wommels heeft zelf al voetballen georganiseerd.
Maarten de Jong komt 2 juni met een voetbalklinic naar Wommels. Graag wil “kom naar Wommels” dat SDS een deel van de organisatie op zich neemt.
 
Maarten de Jong is van 13.30 tot 17.00 uur in Wommels. In die tijd kunnen er 5 groepen van +/- 25 personen een klinic volgen. 
De vraag is nu of SDS er voor wil zorgen dat er iemand is waar de kinderen zich kunnen aanmelden zodat er op leeftijd ingedeeld kan worden om 13.30 uur met de jongste kinderen beginnen. bij meer aanmeldingen dan plaatsen moet er worden geloot. wie mee kan doen. 
Wie is beschikbaar om dit te organiseren de dag zelf wordt door maarten de Jong georganiseerd. aanmelden bij Klaas vd Weg.
Wheagan20@zonnet.nl  
Groeten Enne

SDS League
Wy ferwachtsje moarn hjir de nijste stân fan de SDS League publisere te kinnen.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
SDS 2 spilet woansdeitejûn de ynhelwedstryd tsjin Renado 3 thús om 20.30. SDS 1 is frij.

Foeilelijke sjurts (6)
Dit moat dochs wol ien fan de lelijkste fuotbalsjurts ea wêze. It liket ús dan ek net gek dat dizze klup út Denver ynmiddels net mear bestiet:

colorado
Hjir soe al in kreas fuotbalrokje bypasse……..
Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei
info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (172)
Yn de Eredivisie makke RKC it wykein in knappe eigen goal, mar dochs falt dy yn it neat by dizze. Mei hjirtroch ferlear Hajduk yn de Kroatyske kompetysje mei 2-1 fan Lokomotiva: