SDS League: De Toekomst pakt wykpriis!

Weppers woansdei 24-3
24 maart 2010
Weppers tongersdei 25-3
25 maart 2010

Begripe dogge wy it ek net mar ús “puntenleverancier” Competitiemanager.nl hat der foar soarge dat ek de wedstryd Feyenoord – Vitesse dy ’t mar foar de helte spile is, gewoan meitelt. Hoe dat dan sil as de twadde helte ynhelle wurdt witte wy ek net.

It binne dizze wike Freek Tichelman en Jacob van Wieren dy mei “De Toekomst” de wykpriis pakke. Sy hienen 57 punten.
 

“FC Bakkerskonken” fan Skelte Anema stiet noch altiten boppe-oan al moat hy dit plak no al diele mei Paul Reitsma mei “Alles op Paolo Henrique”. Paul docht it op ‘e nij mar goed yn de SDS League. Yn de earste helte fan de SDS League waard hy úteinlik 2e.

“BUVOVV” fan Henk Postma sakket fan it 7e nei it 13e plak. Wy hawwe begrepen dat Henk him hielendal rjochtsjen giet op in kampioenskip foar Ajax. Hjir sil de supporter fan BUVOVV wol net sa wiis mei wêze (klik
hjir).

It liket derop dat Eeltsje Postma op ‘e nij 2 kratsjes bier fan Hjalmar Ruiter wint. Nei de earste helte fan de SDS Leagye wie it “quitte of double”. Eeltsje stiet mei “Reinder en José Olééé” 19e en stiet dêrmei 22 plakken foar op Hjalmar oftewol 24 punten, dus Hjalmar moat heechstwierskynlik ta de bûse. 

“FC Supermario” fan Doede Rients Okkema stiet fansels noch altiten stiif lêst.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 7.