Weppers tongersdei 23-6

Weppers woansdei 22-6
21 juni 2011
Oefenprogramma SDS 2
23 juni 2011

Lieuwe Jan

Hij komt fan Hinnaard, hij wenne yn Wommels, hij fuotballet bij SDS 4 oant en mei 6, hij ferhúze nei Bitgum en hij keatste op de Terp tsjin Wommels op de Greidhoekepartij. En hij wûn. Fan Jacob, Erik en Redmar.

Nije oanwinst

It lit ús mar net los: de nije oanwinst fanút Harns. Wij hawwe wat ynformaasje krigen en binne derút. It giet om Dylan Drent. Hy stiet hjir boppe op de foto by Zeerobben A1. Dylan is neffens ús ynformaasje in rappe bûten mei in knappe technyk. Hy liket wol by SDS te passen, want hy keatst ek 1e-Klas en sealfuotballet altiten op it krysttoernoai fan Frjentsjer. Dylan wennet yn Harns en syn heit hat yn it ferline noch ûnder Jaap de Blaauw fuotballe by Harlingen.
:$
Dylan hat yn elts gefal in pasfoto

Pasfoto’s ynleverje
In stik of wat moatte noch in pasfoto ynleverje by de ledenadministraasje(Hilde Knol) foar op harren spilerspas. Sûnder spilerspas kin der ommers net fuotballe wurde. Der binne folgend seizoen fêst net folle teams dy ’t genôch spilerspassen hawwe(klik
hjir).

Oefenprogramma SDS 2
Johan hat it oefenprogramma foar SDS 2 alwer hielendal rûn. Moarn kinne jim it hjir op de webside ferwachtsje.

Buitenpost – Ajax
Op sneon 2 july sil VV Buitenpost 1 oefenje tsjin Ajax. Foar wa dit wat liket is it spitich, want de wedstryd is al útferkocht.

Eastereiner Feesten
De Eastereiner binne fannemoarn om 8.15 wer los gien mei de optocht. Foar wa ’t te let fan bêd wie (of it te wiet fûn) kin jûn altiten noch efkes by de optocht sjen om 19.15. Sjoch
hjir foar it hiele programma.

Transfernijs(7)
Der sille wer hiel wat “tranfer”berjochten ferskine de kommende wiken. Meastal is mear as de helt net wier. Hjoed kinne wij melde dat
-Beerens de djoer is foar AZ
-Sibon gjin nocht hat yn Zwolle
-Milan Drogba net mear hoeft
-Inter Hiddink as nije trainer sjocht

WK
Foar wa ’t jûn net nei de optocht yn Easterein giet is der jûn wer it Wommelser Kampioenskip.
It begjint om 20.00 op it skopfjild fan Wommels.

Graspop
No ’t de iene wepmaster werom is fan in wykein fuort kin de oare wol wer efkes fuort. Dizze wepmaster giet net op de fyts, mar dat wol net sizze dat it wykein dêrom minder dreech wurde sil. Oan de oare kant kin it fansels net better mei in gleske Belgysk bier op it gêrs genietsje fan in pear noflike bandsjes.

Harsens derby (503)
Dit sjogge wy Jaap de Blaauw noch net sa gau dwaan:






Letter miskien mear!