Weppers woansdei 22-2

Weppers tiisdei 21-2
21 februari 2017
Weppers tongersdei 23-2
23 februari 2017

Oefenje

Jûn yn Berltsum as tarieding op de foarjierskompetysje, de oefenwedstriid SDS MO15-2 tsjin scBerlikum MO15-1.

SDS seal

Jûn op ‘e Jouwer de sealwedstriid Haskerland 4 – SDS 1

Wedzje

Elkenien wit dat se yn Ingelân oeral om wedzje. Dizze wike wer in prachtich foarbyld mei de goed útsjende en altyd hongerige doelman Shaw (150 kilo) fan Sutton. Bij ien wedkantoar koene je jild fertsjinje at je tochten dat de reserve-doelman syn favorite pastijtje opite soe wylst de wedstriid tsjin Arsenal oan de gong wie. Lês hjir it ferhaal.

Sparje Poiesz munten foar SDS


Spesjaal foar doelman Shaw hat Poeisz dizze wike wike oanbiedingen mei ekstra munten.

Alde doaze


In foto út 1980, de tiid dat der ek froulju aktyf wiene bij SDS.

SDS League

It is noch efkes de fraach wannear de twadde tuskenstân fan de league bekend is.