Weppers tiisdei 21-2

Weppers moandei 20-2
20 februari 2017
Weppers woansdei 22-2
22 februari 2017

Ferslach de Griffioen 1 – SDS 1

Fan de wedstriid fan sneon is troch de Griffioen in ferslach mei foto’s makke, dat jim hjir lêze en besjen kinne.

Doelpunten

Tjitske Heeres stiet mei 24 doelpunten noch altiten op ôfbiedige  ôfstân, mar dêr ûnder wurdst striden om it twadde plakje. Sjoch hjir

Nije bal

Takem jier komt er wer in nije bal yn de Earedevysje. Dizze kear wurdt dy betocht en tekenene troch Henk Schiffmacher. De trainer/koach fan SDS 2 Boudewijn Kramer sjocht der no al nei út…….

SDS VR2

Der wie dit seizoen gjin VR2 mar oan it wedstriidprogramma te sjen, komt dy der no wol wer. In kompetysje mei 3 oare teams op freedtejûn sa te sjen en dan op in heal fjild. Der wurdt spile tsjin sc Bolsward, sc Joure en Blackboys. Op 12 maaie binne se yn Easterein.

Ingelsk fuotbal

Juster moasten de djoerbetelle profs fan Arsenal oantrede tsjin de amateurs fan Sutton. Dat levere foarôf al in moai filmke op