Weppers woansdei 22-1-2020

Weppers moandei 20-1-2020
20 januari 2020
Weppers freed 24-1-2020
24 januari 2020

SDS 1 hat gjin muoite mei Minnertsga

SDS 1 hat justerjûn oefene tsjin Minnertsga 1. Sij spylje yn de tredde klaase B. Koach Douwe Posthuma wie siik en Robert Hoekstra en Jappie  Wijnia mochten harren der mei rêde.
Yn de earste helte wie der noch praat in gelikense wedstriid mei ek in pear grutte kânsen foar Minnertsga. SDS siet fol fjoer en de wil om te winnen en om te fuotbaljen wie grut.
Earste doelpunt fan Stan Korbach, dy’t sûnt jannewaris bij de A-seleksje sit. In moaie oanfal oer links soarge der foar dat Matthijs de bal yn it doel wurkje koe. It waard sels 3-0 en no wie it Lourens van der Pol  dy’t in yntikkerke ta in doelpunt omsette.
Der wiene kânsen op mear, mar ek Minnertsga die yn dy fase noch mei.
Kofje wie der yn de bestjoerskeamer want dammers sloegen der yn de kantine wer flink op los. Bij it fuotbaljen is dat net tastien, sa is bij de measten wol bekend.
Nei it skoft wie it ien rjochtingsferkear. SDS bleaun it breed hâlden, koe druk hâlde en spile foar it grutste part op de helte fan de tsjinstanner. Doelpunten koene net útbliuwe. Matthijs Postma en Habtamu de Hoop makken der 5 -0 fan.
Net ûnfermeld mei bliuwe de prachtige aksje fan Pieter Sijtsma, dy’t mei sierlike bewegingen it strafskopgebiet binnen stoarme en mei links yn de de koarte skeat. De latte kearde de bal.
Minnertsga wie wol swak wie de klonklúzje nei ôfrin oan de kant. Dêrmei wurdt SDS tekoart dien. Sij bleaunen 90 minuten goed fuotbaljen en wûnen dus mei 5-0.

SDS VR1 jûn tsjin Harlingen VR1

Om 20.00 oere yn Easterein de wedstriid SDS VR1 – Harlingen VR1. It wie in ynhelwedstriid. SDS wint mei 5-0 troch doelpunten fan Jeska Terpstra (2), Kirsten Hiemstra (2) en Seriette Strikwerda

SDS seal

Mochten jim it te kâld fine en dochs fuotbal sjen wolle en neat mei bekerfuotbale hawwe dan kinne jûn ek yn de sporthal bij SDS 1 tsjin Futsal Heerenveen 5 sjen.

Debút


Lennert Schraa keept yn SDS/Nijland JO17-1. Justerjûn mocht hij syn debút meitsje yn Nijland 1 yn in oefenwedstriid tsjin Scharnegoutum 1., dy’t Nijland wûn mei 2-0.

Enne-Jehannes jierdei!

Hjoed is ús skiedsrjochterkoördinator Enne-Jehannes Bruinsma jierdei. Fan herte lokwinske!

Harsens derby (2201)

Ho!