Weppers moandei 20-1-2020

Sneon 18-1-2020
18 januari 2020
Weppers woansdei 22-1-2020
22 januari 2020

SDS 1 oefent tiisdei wer

Foar tiisdeitejûn stiet er wer in oefenwedstriid op it programma foar SDS 1. Minnertsga 1 is de tsjinstanner. De wedstriid wurdt spile yn Easterein en begjin om 20.15 oere.

SDS Vr.1 hellet woansdei yn

Woansdeitejûn moat SDS Vr.1 wer los foar de kompetysje. Sy spylje thús tsjin fc Harlingen Vr.1. Dit is in ynhelwedstriid. De wedstriid begjint om 20.00 oere. De warming-up begjint om 19.30 oere. Dit is de seleksjes fan SDS: Alissa, Dina, Femke, Gerry Edou, Hester, Janieke, Jeska, Jildou, Kirsten, Marjo, Marrit, Richtsje, Seriette, Sieta en Sietske.

SDS 1 seal woansdei ek wer los

Futal Heerenveen 5 komt woansdei nei Easterein foar harren wedstriid tsjin SDS 1. At se dat fine kinne fansels…..

Groot Bolsward

Ferline wike wer de altyd nijsgjirrige krante yn de bus. Groot Bolsward mei dizze kear in ynterfjoe mei Jente Bootsma de trainer fan de koprinner yn de tredde klasse A. En wat seit dy oer SDS:

Net best………

Hjoed kaam it berjocht dat âld-ONS’er Chris de Wagt op 34-jierrige leeftiid stoarn is oan de gefolgen fan botkanker. Hy hat earder by ek sc Cambuur fuotballe en wie jeugdtrainer by sc Heerenveen…… Sjoch hjir op de webside fan ONS foar in prachtich in memoriam.