Weppers freed 24-1-2020

Weppers woansdei 22-1-2020
22 januari 2020
Sneon 25-1-2020
24 januari 2020

DWP 1 – SDS 1

De lêste wedstriid fan de earste helte fan de kompetysje is de earste wedstriid nei de winterstop. De nûmer  twa tsjin de nûmer 6 , mei mar trije punten ferskil.  Ek de hast meast skoarende ploech tsjin de hast minst skoarende ploech.  Yn Sint Jansgea kinne jim sjen hoe’t SDS 1 der echt foar stiet. Dit is de seleksje: 1 Jaap©, 2 Luuk, 3 Jacob-Klaas, 4 Gerwin, 5 Remco, 6 Pieter, 7 Peter, 8 Frank, 9 Hendrik, 10 Matthijs, 11 Lourens, 12 Marco, 13 Wiebe, 14 Steven, 15 Stan.
12.30 oanwêzich
12.45 bespreking
13.00 fertrek

Omrop Fryslan

Omrop Fryslan komt yn de persoan fan Geart van Tuinen moarn in reportaasje meitsjen by DWP – SDS yn Sint Jut. Geart van Tuinen wol it amateurfuotbal wer wat mear op de radio krije en begjint by dizze wedstriid. Wêr Geart foaral nijsgjirrich nei is is de beslissingswedstriid DWP 1 – SDS 1 yn 1973 op it fjild fan Snits op jûntiid by keunstljocht. Dit wie om it kampioenskip yn de 1e-Klasse A fan de FVB en neffens de ferhalen kamen hjir sa ’n 1000 minsken op ôf. Foar de SDS’ers dy ’t moarn net nei De Wite Peal gean, dus allegear foar de radio.
 

SDS Vr.1 oefent

De froulju fan SDS Vr.1 sille moarn te oefenjen nei Snits. Sy spylje dêr tsjin SWZ Vr.1. Dizze seleksje fertrekt om 12.40 oere en fuotballet om 14.00 oere:
Dina, Femke, Froukje, Gerry Edou, Hester, Janieke, Jeska, Judith, Kirsten, Marjo, Marrit, Richtsje, Sieta, Sietske, Seriette en Tarina.

SDS 2 oefent

Koach Okke van der Kamp wist it ferline wike seker, neidat sc Franeker ôfsein hie: FC Burgum komt wol. Om 14.30 kinne jim dizze oefenwedstriid bijwenje op de Skoalleseize. Dizze seleksje krijt it fertrouwen fan de koach, dy’t neffens syn twitterakkount gjin fan is fan “Guti” fan PSV en fan wethâlder van Gent dy’t opstapt is. Hij komt hast strikken te koart……

Makkum 3 – SDS 3

Foar SDS 3 begjint de twadde helte fan de kompetysje yn Makkum. It tredde dêr is de tsjinstanner. De seleksje:
Stijn op goal, Hendrik(c) , Kees, Mark, Haye-Jan, Piter, Skelte, Stefan, Inne, Jildert, Sjoerd, Sjoerd de Boer, Elger, Kent en Douwe-Jan.
Riders : Boudewijn, Haye-Jan, Piter en Jildert.
Flagger : Yward of Johan.
Sy fertrekke om 11.15 oere út Easterein.

SDS 5 – Tzummarum 2 giet net troch……

SDS 5 soe mei in thúswedstriid begjinne en dat soenen de trouwe fans wol moai fine. Spitich genôch hat Tzummarum 2 op ‘e nij te min lju om te fuotbaljen en giet de wedstriid net troch……..
Dizze seleksje hat moarn tiid oer:
Harm D, Auke, Anco, Dirk-Yde, Doede-Douwe, Feite, Gert-Jan, Ids, Klaas, Robert, Ronny, Syb, Wichard, Tom en Michael.
Sy wurde om 11.00 oere yn de boks ferwachte en meie om 12.00 oere los.

It Greidhoeke jeugdtoernoai

SDS JO17-1 en SDS JO17-2 oefenje

Op sneontemoarn om 10.00 oere ek noch in oefenwedstriid fan twa teams fan SDS.

Seal

Fierders binne der noch in stik as 7 wedstriden yn de seal. Dat fynt allegear plak yn Ljouwert.

Harsens derby (2202)

It liket de training fan SDS 2 wol. Toet, toet!