Weppers woansdei 21-7

Jelmer Posthumus spiler fan it jier!
21 juli 2010
Kompetysje-yndielingen F-pupillen
22 juli 2010

Bons nei RES
Ferline wike hienen wy
hjir de link stean nei de hiele list mei oerskriuwings fan de KNVB. Wy kamen dêr inkelde “âld-SDS-ers”(Tsjalling Sikma(vv Dronryp), Durk de Jong(vv Irnsum), Tseard Halbersma(vv Oosterlittens), Freek Tichelman en Hjalmar Ruiter(De Vogels), Rick Klynsma(Zeerobben)) en in nije-SDS’er(fan LSC, Grietzen Broersma) tsjin. André Bons makke ús derop attint dat hy noch in “âld-SDS’er” tsjinkaam wie:

Ja ik heb er eentje gevonden:
Andre Bons van de mooiste club vv SDS naar  vv RES. 
Maar ik wil wel iedereen bij vv SDS heel erg bedanken  voor de 4 hele mooie jaren, maar niet getreurd jullie zullen mij nog wel gaan tegen komen op een zaterdag, als ik daar weer moet fluiten. 
groeten Andre Bons 

Maikel Venema nei DWP
Wy kamen noch in opfallende namme tsjin. Maikel Venema giet by DWP fuotbaljen. Hy fuotballe by SDS foar it lêst yn C2.
hspace=0

Lek?
Neffens Henk Postma wie de bal op it Wommelser Kampioenskip ôfrûne moandei net hurd genôch. Neffens Gerlof-Jan foel dat wol wat mei. Hy is dan ek mear de ballen fan it WK yn Súd-Afrika wend:
Slow motion beelden voetbal 

PC-kaarten socht
Bêste minsken,
ik bin op syk nei 2 tribunekaarten foar de kommende PC. De foarkar leit by Bogt as Bolwurk, mar ien fan de oare twa soe ek super wêze!
Alfêst bedankt.
Groetnis, Sjoerd.

sjoerdvanbeem@hotmail.com

WK-Bootcamp

Op freed 6 augustus sille de mannen fan it Wommelser Kampioenskip op trainingskamp. Jim kinne der
hjir alles oer lêze.

Piet Velthuizen!
SC Heerenveen treft it mar net mei syn keepers. No is Vandenbussche wer mear as in healjier útskeakele. Trainer Ron Jans sjocht it net sitten om no Kenny Steppe op de goal te setten foar de rest fan it seizoen om ’t hy der ek krekt in jier út west hat. Ron Jans wol dêrom in nije keeper. Wy kinne ús dat wol begripe, mar hoopje net dat dit betekent dat Henk Timmer no werom komt. Ús liket it de beste opsje om Piet Velthuizen mar gewoan fan Vitesse te keapjen. Hy mei fuort dus dat it probleem net. Wy hoopje dat Ron Jans wat oan dizze tip hat.

Harsens derby (256)
Nei sa ’n oertreding is it al handich as de skiedsrjochter syn kaarten by him hat: