Jelmer Posthumus spiler fan it jier!

Weppers tiisdei 20-7
20 juli 2010
Weppers woansdei 21-7
21 juli 2010

Wy kinne hjoed berjochtsje dat Jelmer Posthumus útroppen is tot spiler fan it jier by SDS 1.
De poll op de webside levere him de measte stimmen op. Ewout de Boer waard twadde en Jaap Toering tredde.


Jelmer Posthumus fuotballe it ôfrûne seizoen allinnich de twadde helte fan it seizoen mei by SDS 1. Foar de winterstop siet hy noch yn Afghanistan lykas no. Mei de winterstop stie SDS 1 der net sa best foar en mei troch it spul fan Jelmer en syn goals slagge SDS 1 der úteinlik dochs noch yn om yn de 2e-klasse te bliuwen.
Wy winskje Jelmer fan herte lokwinske ta dêr yn Afghanistan mei syn priis! As hy werom komt sil de assistint-trainer fan SDS 1, Marco Hoekstra, der fêst foar soargje dat de beker by Jelmer komt.
Jim kinne Jelmer lokwinskje yn Afghanistan fia syn Hyves-side(klik hjir).


Ewout de Boer waard knap 2e yn de poll. Ewout spilet dit jier foar it earst by de senioaren en die dat net ûnfertsjinstlik. Hjir kin SDS yn de takomst noch in soad profyt fan hawwe.


Keeper Jaap Toering waard 3e yn de poll. Ûntanks in plak yn de ûnderste regionen fan de 2e-Klasse foar SDS 1 wist Jaap him dochs geregeld te ûnderskieden mei knap keeperswurk.


Der dienen 180 minsken mei oan de poll. Jelmer krige úteinlik 25% fan de stimmen, Ewout 23% en Jaap 15%. De rest fan de stimmen waard ferdield oer de rest fan de A-seleksje.