Weppers woansdei 21-2-2024

SDS-League: De Omropper pakt de wykpriis!
20 februari 2024
Weppers moandei 26-2-2024
26 februari 2024

Frij

Hast alle teams fan SDS hawwe sneon frij. SDS 1 wie noch fan doel te oefenjen, mar dit giet net troch.

Wol balje

SDS 3 moat sneon al balje. Foar harren stiet de ynhelwedstriid út tsjin IJVC 3 op it programma om 13.30 oere yn Drylts.

Traine

SDS 1 sil dizze wike gewoan traine. SDS 2 nimt tongersdeitejûn frijôf.

Thús

Nije wike sneon mei SDS 1 wer thús balje. Sy dogge dat om 15.00 oere tsjin koprinner sc Joure 1. Foarich seizoen hat SDS-trainer Douwe Posthuma noch trainer west by sc Joure.

Mika tsjin Oranje

Koartlyn mocht Mika de Jong foar it earst in wedstriid mei sc Heerenveen JO8 balje. Dit wie lyk tsjin in hiele drege tsjinstanner. Sy mochten namelijk tsjin leeftiidsgenoaten fan Jonger Oranje. Sc Heerenveen ferlear begryplik, mar de jongens binne wer in erfaring ryker.


Stiet der al yn de aginda?

Harsens derby (2229)

Dizze fersoarger kin net allinnich knap strike, mar ek goed keepe, hurddrafe en hekjespringe.