Weppers moandei 26-2-2024

Weppers woansdei 21-2-2024
21 februari 2024
SDS-League: Melle’s ‘Piep piep, omke Ate’ pakt de wykpriis!
27 februari 2024

SDS 1 – sc Joure 1

Kommende sneon spilet SDS 1 om 15.00 oere thús tsjin koprinner sc Joure 1. Wy hawwe alle fertrouen yn in goeie ôfrin, want SDS is nei de winterstop noch ûngeslagen en Skildersbedriuw Erik Haitsma is de wedstriidbalstiper.

Frij?

De trainer fan Douwe Posthuma kin net sûnder fuotbal, dus no ’t SDS 1 net yn aksje kaam hie hy in probleem. Lokkich loste him dit al gau op, want Nijland 3 koe noch wol in spits brûke yn de wedstriid út by Heeg 3. Douwe hat it op it stuit aardich op de heuepn, want hy skoorde 2 kear. It waard úteinlik 3-3.

Oflast

SDS 3 soe sneon ynhelje tsjin IJVC 3, mar koe net genôch spilers op it wedstrydformulier krije. De wedstriid gie net troch.

Sponserjûn

Dizze wike mear nijs oer de sponserjûn op freed 22 maart mei as sprekker behingkening John van Zweden.
John van Zweden, Dennis Mulkens | 9789067970303 | Boeken | bol

SDS-FIFA-toernoai

Dizze wike komt der ek mear nijs oer it SDS-FIFA-toernoai op freed 15 maart stipe troch WD-Sat.

SDS-League

Moarntejûn kinne jim hjir wer de nijste stân fan de SDS-League ferwachtsje.

Harsens derby (2230)

Ho……..