SDS-League: De Omropper pakt de wykpriis!

Sparje munten foar SDS by de Poiesz yn Skearnegoutum
20 februari 2024
Weppers woansdei 21-2-2024
21 februari 2024

It is dizze wike Enne Bruinsma dy’t as ‘De Omropper’ de wykpriis pakt yn de SDS-League. Hy hie mar leafst 70 punten en dat wienen der 5 mear as ‘Balletje, balletje’ fan Grietzen Broersma en 6 mear as ‘Beter Horen’ fan Frank Bervoets. De ôfrûne edysje pakte Enne ek al in wykpriis. Hy makket no in flinke klapper fan it 43e nei it 10e plak. Soe der mear ynsitte?

‘Balletje, balletje’ fan Grietzen Broersma grypt krekt njonken de wykpriis, mar nimt al de kopposysje oer fan ‘Fc Munnaps’ fan Bote Strikwerda. ‘Beter Horen’ fan Frank Bervoets is dield twadde.

Grietzen oan kop mei ‘Balletje balletje’.

Der binne noch alris wat teams dy ’t yn de earste en de twadde wike likefolle punten hawwe. Wy sille nije wike ris sjen as sy ek deselde teams hawwe.

Okke van der Kamp nimt mei ‘Brekken Boys’ de reade lantearn oer fan ‘Worst-Kaas Scenario’ fan Steven van der Pol. Okke wûn sneon by it Draaiend Rad yn Nijlân syn twadde SDS-sjaal. Soe hy no foar syn tredde SDS-paraplu gean?

SDS League 2023-2024 twadde helte stand wike 2